Leararetekoart Frysk is soarchlik
Resint ferskynd
It oanhâldende tekoart oan kwalifisearre leararen Frysk bliuwt in punt fan noed. Dat is de Ried fan Europa fan betinken.

Foto: Edufrysk
De provinsje Fryslân kin frijstellingen jaan foar it lesjaan yn it Frysk. Doel fan de oerheid is om uterlik 2030 alle frijstellingen ferfalle te litten. Dêrtroch sil der úteinlik mear Frysk op skoallen oanbean wurde. Mar de kwaliteit dêrfan stiet faai as de ûnderlizzende ynfrastruktuer net better wurdt. De Ried fan Europa wol dat yn de oplieding fan leararen mear ynvestearre wurdt. Dêrneist soe oan in universiteit in foltiidske heechlearaar Frysk beneamd wurde moatte.
It Ryk stelt no ekstra middels beskikber foar it Frysk. Dat giet om ien kear twa ton foar de kurrikulumferoaring yn 2023. Fan 2024 ôf komt der akke jierren likernôch oardel miljoen ekstra beskikber foar leararen yn it primêr en fuortset ûnderwiis.
Lit jongerein witte hoe’t se learaar Frysk wurde kinne. Meitsje it oantrekkelik!
Ik kin sels ek net ål te folle ynformaasje fine oer de fraach nei Fryske dosinten. Om hoefolle dosinten giet it? Benammen basisûnderwiis of júst ek earste graads of twadde graads? Dat kin yndied wol wat better yn de merk setten wurde!
Wat ik ek net wist is dåt de posysje fan Omrop Fryslân noch net iens fêstlein is ta yn de ivichheid yn de Nederlânske mediawet. It liket dan krekt dåt it regeer wachtet op in momint dat se it Frysk fuortbesunigje kinne. Neoliberale logika op syn bêst.
Neffens my soene wy wat oars sjen moatte nei mediajilden en wetjouwing. It makket ûnderdiel fan de krityske ynfrastruktuer fan in taal. Sjoch dêrom binnen Jeropa nei lånnen fan deselde grutte lykås IIslân en Lúksemboarch en set op in rychje hokfoar oanbod en finansiering se yn dy talen ha. Presys dêr hat it Frysk ås taal ek rjocht op. Ålles minder is diskriminaasje te neamen.