Lanlike premjêre fjoerwurkskouspul ‘SPARK’ fan Daan Roosegaarde yn Ljouwert

augustus 27, 2023 08:18 Fernijd

Yn it earste wykein fan novimber sprankelet de nijste ljochtfertoaning fan Studio Roosegaarde yn de loft boppe Ljouwert. It organysk fjoerwurkskouspul SPARK belibbet op 2, 3 en 4 novimber 2023 nammentlik syn nasjonale premjêre. De gemeente Ljouwert wurket foar de twadde kear gear mei Daan Roosegaarde, dy’t mei syn nijste foarstelling al hûnderttûzenen besikers oer de hiele wrâld luts.

SPARK (foto: ©Studio Roosegaarde)

De premjêre
Op tongersdei 2, freed 3 en sneon 4 novimber is yn de jûnsoeren de nasjonale premjêre fan SPARK te sjen op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Studio Roosegaarde hat al earder de stêd ferljochte. Wethâlder Hein Kuiken: “Yn 2018, it Kulturelehaadstêdjier, wie Wetterljocht op it Wilhelminaplein in grut sukses. De yndruk dy’t Daan Roosegaarde efterlitten hat en de noflike gearwurking fan doe, drage deroan by dat wy no in wrâldfertoaning yn ús stêd yn nasjonale premjêre gean litte meie.” Der wurde yn it wykein dan ek sa’n 10 oant 15 tûzen besikers deis ferwachte.

Foar elkenien
De gemeente en Visit Ljouwert, de marketingorganisaasje fan de gemeente, wolle graach bysûndere eveneminten oanlûke, dy’t foar elkenien tagonklik binne. Sa waarden yn 2019 de fjoermasters fan Compagnie Carabosse útnûge en stie de stêd ferline jier op ’e kop mei de foarstelling fan Theater Tol. SPARK is ek frij tagonklik en aardich foar jong en âld. “As wy sokke produksjes fan wrâldformaat nei Ljouwert helje, moat ek elkenien dêrfan genietsje kinne”, seit wethâlder Hein Kuiken.

SPARK (foto: ©Studio Roosegaarde)

Nije foarm fan fjoerwurk
Nei goed oardel jier en besiten oan stêden as Melbourne, Bilbao en Londen, is it tiid dat de organyske fjoerwurkfertoaning fan Studio Roosegaarde yn Nederlân te sjen is. Daan Roosegaarde rekke foar de foarstelling ynspirearre troch it magyske ljocht fan fjoermichjes en de winsk om de tradysje fan fjoerwurk te modernisearjen. It resultaat is SPARK, in poëtysk skouspul fan tûzenen, biologysk ôfbrekbere ljochtfonken dy’t organysk troch de loft sweve. “Mear as tradisjoneel fjoerwurk wurket SPARK hypnotisearjend. It bringt rêst, as in kampfjoer. En krekt as in kampfjoer, bringt it minsken byinoar”, seit de keunstner sels. “Men kin der oeren nei sitte te sjen, of op in jûnskuier mei de hûn efkes by hingjen bliuwe.”

In prachtige hjerst
It gefoel fan mienskip, it leechdrompelige fan it evenemint en it sirkulêre aspekt derfan, slút poerbêst oan by de kulturele hjerst yn Ljouwert. As de dagen koarter wurde, wurde de nachten langer. Yn Ljouwert wurde dy tsjustere dagen mei in lumineus hjerstprogramma folle. Neist it letterlik ferljochtsjende SPARK, binne der fan ’t hjerst mear nijkommers yn de stêd, lykas de musical De Tocht, dy’t op 1 oktober yn premjêre giet. Der binne ek hjerstfestivals, lykas it Noardlik Filmfestival en Explore the North, en de sechsde edysje fan de Ferhalejûn. De hiele aginda is te finen op visitleeuwarden.nl.

augustus 27, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.