Kompjûter fisket wurden út harsens fan ferlamme minsken en lit se wer ‘prate’

augustus 28, 2023 08:14

Twa nije brein-kompjûterkeppelingen (BCI’s) binne deryn slagge om wurden yn de harsens fan ferlamme minsken werom te kennen en dêrnei op in skerm út te skriuwen. Op dy wize koene de pasjinten wer kommunisearje mei in faasje oant boppe de sechstich wurden de minút, folle rapper as oant no ta mooglik wie.

UMC Utert (foto: Wikipedia/Antoine, eigen wurk – CC BY-SA 3.0)

De pasjinten hiene dêrby de beskikking oer in fokabulêre fan 125.000 wurden en de kompjûter bylde dêr yn 76 persint fan de gefallen it krekte wurd by út. By in beheinder tal wurden naam de krektens sels oant boppe de njoggentich persint ta. “In grutte foarútgong” en “in kantelpunt yn de ûntwikkeling fan BCI-technology dy’t de kommunikaasje fan ferlamme minsken besiket om te ferbetterjen”, fynt neurowittenskipper Nick Ramsey fan it harsensintrum UMC Utert, dy’t sels net by it ûndersyk behelle wie. Hy seit mei klam dat kommunikaasje in essinsjeel minsklik ferlet is, dêr’t guon minsken fan berôve wurde troch neurologyske oandwaningen.

Troch beroerte net te ferstean
Yn de earste stúdzje waarden 253 elektroaden ymplantearre by in pasjint dy’t troch in beroerte net mear te ferstean wie. In neuraal netwurk analysearre de aktiviteit fan har harsens en sette dy om yn sinnen. Nei in goed wike in lytse twaenheal oere oefenjen deis, smiet dat in faasje fan 78 wurden de minút op. Om te ferlykjen: yn in trochsneed petear komme sa’n 160 wurden de minút foarby.

Algemien BCI-systeem (ôfbylding: Wikipedia/Emmanuel Lesser – CC BY-SA 2.5)

De BCI’s dy’t brûkt waarden, setten it besykjen om te praten yn wurden om. “Tinzen wurde dus net yn wurden omset. Wy sjogge nei it útgongsstasjon fan de harsens dat de spieren oanstjoert. Dat part moat dus noch wol wurkje”, fertelt Ramsey. “It is benammen nijsgjirrich foar minsken mei ALS, mar ek minsken mei in bepaalde harsenblieding, mei harsenskea of dy’t foar in part ferlamme binne, kinne der gebrûk fan meitsje. Wy hawwe ûndersyk dien en yn Nederlân soe it sa’n 150 oant 200 minsken oangean. Wrâldwiid giet it om tûzenen minsken.”

De brûkte technology is noch net gaadlik foar alle ferlamme minsken. De pasjinten yn dizze stúdzjes koene harren spraak noch mime; der wie dus noch sprake fan swakke spierbewegingen. Wittenskippers sille in manier fine moatte om ek minsken traine te kinnen dy’t hielendal ferlamme binne. Dy saneamde locked-in pasjinten kinne soms allinnich noch kommunisearje troch mei de eagen te bewegen.

Ferrariblok sûnder auto
Dêrnjonken soene om kosmetyske redenen triedleaze BCI’s winsklik wêze. Op it stuit binne de elektroaden yn it brein noch mei triedden oan de eksterne kompjûter ferbûn. “Dizze stúdzjes binne in rûge diamant”, beslút Ramsey. “Ik neam it in Ferrariblok sûnder auto deromhinne. Dy auto moat der noch komme.” Wrâldwiid wurkje ferskate ûndersikers oan de ûntwikkeling fan dy ‘auto’. De ûndersyksgroep fan Ramsey oan it UMC Utert is dêr ien fan.

augustus 28, 2023 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.