Jelmer Algra nije sekretaris/algemien direkteur provinsje Fryslân
Resint ferskynd
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat Jelmer Algra út Wier beneamd ta sekretaris/algemien direkteur fan de Provinsje Fryslân. Algra is op dit stuit direkteur by de Fryske Rabobanken. Hy begjint op 16 oktober yn syn nije funksje.

Jelmer Agra (foto: Rabobank Fryslân)
Deputearre bedriuwsfiering fan de provinsje Eke Folkerts is tige wiis mei de komst fan Algra. “Algra is woartele yn Fryslân en bringt brede ûnderfining en kennis mei. Hy is in ferbiner by útstek en hat in grut netwurk yn tal fan fermiddens. Wy binne bliid mei de maatskiplike belutsenens fan de wichtichste adviseur fan it deistich bestjoer fan de Provinsje.”
Algra: “De provinsje Fryslân stiet midden yn ús maatskippij en spilet in wichtige rol yn de grutte opjeften dy’t der op dit stuit binne. Ik haw der sin oan om my dêr yn oparbeidzjen mei it hiele team foar yn te setten; mei-inoar wurkje oan in moai en sterk Fryslân.”
Algra is sûnt 2017 by de Rabobankdireksje belêste mei tal fan portefúljes. Hy is foarsitter fan it Kearnteam Enerzjytransysje, foarsitter Klimaat en Enerzjy foar de Agraryske Sektor en lid fan it Nationaal Kernteam Gebiedsgerichte Aanpak. Fan 2014 oant 2017 wie er foar de bank yn St. Louis en New York yn de Feriene Steaten stasjonearre. Algra begûn syn karriêre by ExxonMobil en wurke yn Nederlân, België, Noarwegen en de Feriene Steaten.
Algra folget by de Provinsje ynterim-sekretaris/direkteur Arjen Schepers op, dy’t in jier oan it helmhout stien hat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje