Jan Schokker: Stoere fûgel
Resint ferskynd
Kollum
Wy hiene in kurieuze relaasje, sy en ik. Sy kaam út in hiel oar, in folle hurder en ûngefoeliger miljeu. Dat makke har neat út, mar yn myn ûnderfining bleau der altyd in beskate ôfstân tusken ús, in soarte fan nivo- of stânsferskil. Guon yn ’e famylje koene ús relaasje ek net sa bot wurdearje. Of se begriepen it gewoan net. Myn oars sa ynskiklike twillingbroer bygelyks, dy fûn har mar in lichte fûgel. Syn ûnbegryp, dat delbûgende fan him, hat fêst ynjûn west troch oergeunstigens, wol ik leauwe. Want werklik, se wie sa trou as goud, as ik har nedich hie, stie se alle kearen foar my klear. En blinders, wat wie se stoer. En wat wie se knap! Se hie in karakter dêr’t je in oarloch mei winne kinne. Ik fielde my burgen, feilich yn har. Mei har koe ik de wrâld oan. En yn… mar dat gie net mear.
Miskien wie it wol krekt dêrom dat se de lêste tiden net mear sa lokkich like. Se woe perfoarst faker mei my en foaral folle fierder. Eins hie ik it altyd wol witten, foar har koe it nea wyld en wreed genôch wêze. Dat siet gewoan yn har karakter, sa wie se ommers makke? Om altyd mar wer bûten de bewende paden te gean, om ivich en oanhâldend al har enerzjy sa fûleindich mooglik der trochhinne te jeien. Alle kleppen iepen, it gas op ’e planke, en mar trochskuorre yn einleaze romten. Mar it kaam der net mear fan, it koe net langer. Och heden, sa’t sy dêr doe tryst en ôfskreaun foar de doar stie, ferwurden ta inkeld noch in oerstallich objekt foar belêsting en fersekering, in healenien, oan alle kanten ynhelle troch in folle sêfter, gefoeliger miljeu…
Mar har âlderwetsk deeglike, earlike siel en wêzen, ja dat die der altyd noch ta. Foar my dan.
Nee, it koe echt net oars. Myn Defenderke kaam net mear troch de APK, se ferbrânde net genôch disel yn hokker kleur dan ek en frustrearre de keuring mei fierstente folle roet of stikstof of wat is der noch mear yn al dy mjittingen.
Om har te geriven haw ik mei har noch nei Dútslân west, allinne mar om wat kilometers lâns byinoar te wêzen, sy en ik. Mar ús relaasje wie al wat bekuolle, ús ôfskied like oansteande. Want ik moat tajaan, der spile noch wat. Elektrysk riden tsjinne him ommers oan. En tsja, twa auto’s by it hûs, dy’t beide net al te folle brûkt wurde: autoskamte… it nije miljeu, ik hear it jo sizzen.
Dus hawwe wy ús sa’n fjirtjin dagen lang byprate litten oer dat elektrysk riden, dus hawwe wy in grut tal auto’s fan ferskillende merken besjoen en hifke en dus yn aardich wat in proefrit makke. It wie wer ris in kar tusken hert en harsens, mar ek it hert is net efterlik.
Myn Defenderke moast earst fan har plak ôf, dêr foar de doar fan it hûs, doe’t se de sinnepanielen it dak optôgen. De koplampen hie ik yn al dy jierren noch net sa fochtich sjoen. De dei fan ôfskied kaam ek aaklik rap tichteby.
Dy dei haw ik mei har derop út west, wy tegearre, gewoan in eintsje ride oer de lytste binnendykjes, mei in doaze sigaren foar de greep, mei alle ruten en it dakljocht iepen en de muzyk op syn lûdst. Hoe faak haw ik dy dei wol net foar de alderlêste kear alle knopkes oanrekke? Earne yn Gaasterlân haw ik in pear kear om ’e auto rûn en withoefolle selskes fan ús beiden makke en wêr oars as by it haventsje fan Laaksum haw ik in tiid ferdôve tsjin har oanhongen. In aaike oer it lear, in traapke tsjin in bân. Op ’e wei werom, haw ik as fan âlds de hân opstutsen nei in oare Defenderrider, ek sa’n âldkeardel mei in griis burd. Lucky bastard…
Oare deis hawwe wy har by de garaazje ôflevere. Ik haw net mear efterom sjoen, doe’t wy fuortsûzen mei de elektryske auto sûnder fersnellingen. It foel my al wat ôf dat se net noch efkes klaksonnearre. Mar nee, fansels net. Net mei har styl en foarkommen. Myn Defenderke wie fierstente stoer foar sokke sloppe emoasjes. Sy wol.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje