Jan Bosgraaf: Alle bytsjes helpe

augustus 19, 2023 07:00

Kollum

Wat wie it in útfining. It guod is net fergiftich, it is hiel sterk, mar troch hjitte dochs maklik te ferfoarmjen. It bliuwt hiel lang goed, it is net swier en, faaks noch wol it wichtichste, it is yn ferhâlding ta oare produkten hiel goedkeap. As Archimedes it útfûn hie, hie er grif ‘Eureka’ roppen. Lykas er die doe’t er, wylst er yn it bad siet, ûntduts dat in yn floeistof ûnderdompele lichem krekt safolle lichter wurdt as it gewicht fan de ferpleatste floeistof. Hy sprong út it bad en rûn neaken troch de strjitten fan Syracuse ûnder it aloan útroppen fan ‘Eureka’, alteast, sa giet it ferhaal. Dat wie goed twahûndert jier foar Kristus.

It guod dêr’t it my hjir om giet, waard sa’n twatûzen jier letter útfûn. Yn 1839 ûntduts apoteker Eduard Simon yn Berlyn by tafal polystyreen, de foarrinner fan it hjoeddeiske plestik. Hy die der lykwols noch neat mei. Yn 1860 waard it earste echte plestik útfûn. It waard selluloid neamd en der waarden foaral fotorôltsjes fan makke. Yn de tweintiger jierren fan de foarige iuw ûntdutsen skiekundigen dat fan ierdoalje ek plestik makke wurde kin. It moat earst wol raffinearre wurde, sadat der nafta ûntstiet, dêr’t plestik fan makke wurdt. Wat in útfining! No, sa’n hûndert jier letter, wurdt it guod rûnom foar brûkt. Men kin it sa gek net betinke of it guod wurdt yn plestik ferpakt. Faak ek noch dûbeld. Sjoch ris yn in boumerk. Hast al it lytsere guod is deryn ferpakt. As it al los te keap is, lykas skroefkeguod, dan komt it yn in plestik pûdsje mei in stikker derop om it by de kassa ôfrekkenje te kinnen. Of kom ris yn in supermerk. Dêr leit in ûns ljirre op in plestik skaaltsje yn in ‘hersluitbaar’ plestik pûdsje. Tsiis wurdt fakuüm yn plestik ferpakt. Bôle sit yn plestik pûden. By de apoteek krije we in doaske medisinen yn in plestik pûdsje. De plestik bakjes fan it Sineesk restaurant binne ferneamd. It measte frisdrinken sit yn grutte en lytse plestik flessen.

En dêr sit de oast. Want sa’n hûndert jier nei de útfining wrakselje we mei de neidielen fan plestik. Weromwinne is dreech. As it ferbrând wurdt, komme der skealike stoffen frij. It fertart net en bliuwt op ’e dyk of earne oars lizzen. Uteinlik komt it yn see telâne, dêr’t it in grut oerflak fan ‘plestik sop’ foarmet. Bisten reitsje dêryn fertize of geane dea oan it iten derfan.

Oant no ta waard rûsd dat der sa’n tritich oant 50 miljoen ton plestik yn de oseanen driuwt. Oare berekkeningen komme út op wol 100 miljoen ton. Mear as 90% wurdt oanfierd troch acht grutte rivieren yn Azië en twa yn Afrika. De Yangtzerivier yn Sina soe mei 1,5 miljoen ton plestik yn it jier de grutste fersmoarger wêze. Driuwt it plestik ienkear yn see, dan lûkt de grutte ringfoarmige seestreaming, de gyre, it ôffal oan nei in beheind gebied yn de oseaan. Yn de Grutte Oseaan wurdt dat rûsd op sa’n 700.000 km2 oant mear as 15 miljoen km2. Dat is 0,41% oant 8,1% fan de oerflakte fan de Grutte Oseaan. Organisaasjes as it wrâldnatuerfûns WWF en de Plastic Soup Foundation beweare dat der jierliks mear as 10 miljoen ton plestik yn de oseanen telâne komt.

Boarne: Wikipedia (publyk domein)

Nei in wiidweidich ûndersyk komme wittenskippers fan de Universiteit fan Utert ta de konklúzje dat der folle minder plestik yn de oseanen driuwt as oant no ta oannommen waard. Neffens dy gelearde pluzers wize mear as tweintichtûzen mjittingen oer de hiele wrâld út dat der yn de oseanen jierliks om ende by 3,2 miljoen ton plestik by komt. Dat is dochs noch likernôch 124.000 frachtweinen fan 26 ton. It binne nochal grutte ferskillen. It hat der in soad fan dat se it rjochte der net fan witte. Wat net sa nuver is by in wrâldomfiemjend probleem en sokke ûnbidich grutte getallen.

Seehimmelje by de Hawaïeilannen. Boarne: Wikimedia Commons (publyk domein)

Wêr’t de oast winliken sit, is it hâlden en dragen fan de befolking. Fan de minsken. Fan ús. Nee, net fan jo en my. Wy hâlde ús netsjes. Us plestik ôffal leverje wy kreas yn. As it om fleskes mei staasjejild giet, yn de supermerk of by in ynsammelpunt foar in goed doel. It oare plestik ôffal komt netsjes yn de PMD- of de grize kontener of by in ynsammelpunt. Dochs wurdt jierliks fan de 700 miljoen ferkochte grutte plestik flessen sa’n 12% net ynlevere. Fan de 1 miljard lytse fleskes giet it om 42%. Byinoar wurdt der foar 84 miljoen euro oan staasjejild net oan de konsumint werom jûn, stie yn ’e krante. Dat sille de supermerkkonserns net slim fine. Mar is it net krekt oarsom? Dat de konsumint 84 miljoen euro lizze lit? Of fuortsmyt?! Want dat dogge we mei-inoar; letterlik fuortsmite. By de grutte himmelaksje fan de Nederlânske strannen waard ferline jier 4400 kilogram ôffal ophelle. Op elke hûndert meter strân lizze yn trochsneed 282 stik ôffal, mei dêrûnder in hiel soad peuken fan filtersigaretten, dy’t tige skealik foar it miljeu binne. It strân wurdt brûkt as jiskebak. Sûnt der staasjejild op blikjes en lytse fleskes sit, leit der ek mear ôffal op strjitte. Foaral yn Amsterdam witte se dêroer mei te praten. De gemeente praat al oer ‘staasjejildproblematyk’. Minsken dy’t út binne op staasjejild, lûke ôffalbakken iepen, wat stikkene ôffalbakken en mear ôffal op strjitte fan gefolgen hat. It moat net gekker wurde! Dan mei de oerheid noch safolle regels betinke en ynfiere om it fuortsmiten fan plestik ôffal (mei of sûnder staasjejild) tsjin te gean, as de minsken harren dwaan en litten net feroarje, wurde de doelstellingen nea helle. Salang’t wy nei de ôfrin fan in evenemint stroffelje oer de plestik rotsoai dy’t op ’e dyk of it evenminteterrein leit, falt der noch hiel wat te winnen. Mar jo en ik romje ús plestik ôffal netsjes op. En faaks docht immen oars, dy’t dizze kollum lêst, dat no ek. Alle bytsjes helpe.

augustus 19, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.