It drama fan Westergeast (ferhaal)
Resint ferskynd
Ferhaleferteller Henk Hansma wurke yn syn jonge jierren by N.V. Holpatex Westergeest. Mei dat bedriuw soe it wakker wat wurde. It soe Westergeast grut meitsje en op ’e kaart sette. It pakte oars út. De ûndergong hat de ferteller fan tichteby meimakke. It spile tusken 1960 en 1964.
‘Lesson One’ yn Westergeast
troch Henk F. Hansma

Advertinsje út de Ljouwerter Krante fan 6 septimber 1962
Santjin jier wie ik doe’t ik fan de mulo kaam en fia ús heit in baantsje by de Kruidencoöperatie yn Westergeast krige. Nee, net by de ‘Bûnte Hûn’, dat wie de gersdrûgerij, dy’t efkes neier by de brêge stie. Dit wie de drûgerij fan aromatyske krûden, dêr’t ek genêsmiddels fan makke waarden. Ien fan de fjouwer fabriken dy’t hjir mei help fan it Marshallplan krekt nei de Twadde Wrâldoarloch troch de Feriene Steaten fan Amearika opset waarden. Oprjochte te Bûtenpost op 6 febrewaris 1947 en iepene op 22 septimber 1948.

Foto AnRO0002 Viola tricolor; boarne Wikimedia Commons, CC0
Fan alle soarten krûden wiene der foar it drûgjen mar in pear rendabel. Foar safier as it my noch bystiet wiene dat: digitalis lanata en digitalis purpurea (dopkeblom), lobelia inflata en it rûnom bekende viola. Dat lêste plantsje (trijekleurich fioeltsje) bloeit no, nei al dy jierren noch yn ús tún. Dat sied moat wol tige sterk wêze. Fan de lobiline út de lobelia inflata woene se destiids wol ha dat it helpe soe om fan it smoken ôf te kommen.
Mar goed, by wa kaam ik yn de keamer te sitten doe’t ik foar it earst dy moandeitemoarn op 17 septimber 1962 oan myn wurk begûn? Ja wis, by ien fan de direkteuren fan it fabryk. Hy wie der op dat stuit lokkich net, dat stie my wol oan. De grutte baas wenne neffens my noch net yn Fryslân. Wol hie er in sliepkeammerke boppe, mar dêr mochten wy net komme.
It siet dêr tige noflik yn de wenkeamer fan in nijbouhûs oan de Simmerwei 2-4. Oan de oare kant fan dy dûbele wenning wiene oare hierders. Dy koene wy somtiden hiel goed hearre. Myn wurkplak wie dus yn de keamer fan Max Gosschalk, ien fan de direksjeleden fan Holpatex Westergeest N.V. De oare direkteur, B.A. Dijkstra, dy mei de grouwe sigaar, húsmanne yn in keamer yn it fabrykskompleks fan de drûgerij. Hy wie de direkteur fan de Krûdekoöperaasje Westergeast, dêr’t ik eins by yn tsjinst wie.
Max Gosschalk wie yn it begjin fan de sechstiger jierren yn byld kommen doe’t it fabryk troch oerkapasiteit mear dingen socht om te drûgjen. Hy kaam út it westen, ik mien út Velsen of sa, mar dêr bin ik net wis fan. Hy wie op en top in direkteur, wat kealjend, brún, mei koarte fingers en op syn buro stie in fleske rûkersguod. De kantoarfamkes spuiten der wolris mei, dan stonk it hiele kantoar dernei. Dêr yn it westen moat er in fabryk hân ha dy’t troch brân oer de kop gien wie en net wer opstart wurde koe omdat er net, of ûnderfersekere wie, sa’t kweasprekkers destiids wol hawwe woene. Yn Westergeast koe er wer oan ’e slach. Holpatex N.V. betsjutte – en dat sille in soad minsken wol net mear witte – Holland Papier en Textiel N.V. In bedriuw yn in bedriuw, dat yn fan alles hannele yn dy tiid lykas: moal, keunstmest, sekken, kastorsied, kassavewoartels, tapiokamoal, fodden, tou, flaaks, sisal, manilla, plastyk, plastyk granulaat, barium kadmium sâlt, karatene, manilla, benzoë soer, TPTH, jute, mar yn 1962 drûgen en ferwurken se foaral fiskmoal.
Fan dat fiskmoal lei in fierstente grutte partij te rotsjen by de feart neist de fabryk. It ‘stjonkfabryk’ koe it drûgjen doe lang net oan, want der wiene ek noch krûden dy’t drûge wurde moasten. It wie in ôfgriis hoe’t dat guod stonk. De wurklju stonken wol in oere yn ’e wyn, dat wie net noflik foar harren froulju. Der sille jûns grif wol ‘bokken’ west ha dy’t harren lykme-allinne yn it strie deljaan moasten. Dat fiskmoal wie oanfierd fia Skûlenboarch en kaam út it Grykske skip Pathos dat yn Rotterdam lei doe’t it yn ’e brân flein wie. Troch it bluswetter wie de partij wiet rekke en moast dy drûge wurde. En ja, wêr moasten se dermei hinne? Nei Westergeast fansels. No, dat ha de minsken yn de omkriten witten. It bedriuw hat hiel wat rûkerspul omdiele moatten, mar oft dat holpen hat? Yn alle gefallen krigen de minsken op it kantoar in ekstra taslach op it lean fan ƒ 6,00 yn ’e wike. In trochsneed wurknimmer yn it fabryk fertsjinne doe smoarch ƒ 45,00. It kantoarpersoniel ƒ 30,00 en de direksje ƒ 252,00 wyks. De minsken yn hegere funksjes (sjeffen en sa) hiene mear fansels. Oan de ein fan ’e wike moasten wy it lean yn de brune pûdsjes dwaan, dat wie in hiele tellerij. As der sinten oer wiene of as der in tekoart wie, dan moasten wy alles der wer útklauwe, en as spile de duvel dermei, dochs wie der noch wolris ien dy’t sei dat er te min hie, nea te folle. Dat tekoart sil thús wol west hawwe, tink ik.
It fiskmoal waard geregeld meunstere en opstjoerd. Dat wie oerienkommen. Myn kollega Otto, dy’t dat karweike opknappe mocht, sei dat de maitsen troch it ferwaarmjen tsjin de souder oan spatten – dat der siet wol libben yn de brouwerij – jo moasten der net mei de mûle iepen boppe hingje. De baas fan it postkantoar yn Kollumersweach, Pieter Geertsma, dêr’t ik it spul hinne brocht om it ferstjoere te litten, snúfde al as ik deryn kaam.
It kantoarpersoniel bestie út 5 á 6 minsken, dêrûnder ek de boekhâlder. De telefoansintrale siet yn de keuken. Max wie faak fuort foar nije oarders. Dêr die er goed syn bêst foar, mar dochs, hoe jong oft ik ek wie, ik hie it net sa op him stean. Hy hie de wyn der wol aardich ûnder, foaral yn it fabryk, mar hy moast tige rekken hâlde mei de oare direkteur. Der kaam ek wol ris in frommeske lâns, freeds om in oere of fiif. Ik mocht dan wat earder nei hûs ta. Se giene dan nei syn keammerke boppe om it ien of oare te bepraten, sei er. Ik tocht doe fuort al, dat giet grif net oer maitsen yn it fiskmoal.
De man krige in hûs yn Burgum oan de Skoalstrjitte en ried hinne en wer as er deis al op it kantoar wie. Syn dochter Edith krige ek wurk op it kantoar. En ik moat sizze, hy sparre har net om’t se syn dochter wie. Meastal kaam se net mei heit yn de auto. Nee, se moast op de soleks út Burgum komme. Se wie noch wol jong, mar net skruten. Har freon fan 26, dy’t barman yn Ljouwert wie, kaam yn it middeisskoft wolris hielendal út Ljouwert nei Westergeast om efkes mei har te frijen. Doe’t de ferkearing útrekke stie se wolris stikem te tútsjeboartsjen, mei ien fan de meiwurkers út it fabryk. Mar ja, je binne jong no ?

Boarne Wikimedia Commons/Mr checker CC BY-SA 3.0
It fabryk hie ek in persoane-auto foar de boadskipkes. Meastal naam in foarwurker, Wiltsje Wiersma, him mei nei hûs. It ding koe net sa hurd, it wie in 45km-auto. Mar goed, op in dei moast der ien nei de bank yn Kollum. Dat moast ik mar dwaan en ik mocht de goggomobil wol brûke. Dat wie wat. Noch nea hie ik sels yn in auto riden. Ik wist amper hoe’t ik stjoere moast. Mar ja, net lyts wêze wolle fansels. Deryn. Ien hat it ding oanset en dêr gie ik. Hy raasde deroer! Ik begriep net wêrom’t er sa’n helsk leven makke. Nei in pear kilometer krige ik it troch, hy stie noch yn de earste fersnelling en der wiene twa. De oaren wiene ticht laske. It gie al in stik better dêrnei. Yn Kollum stie my it swit op ’e foarholle; der moast fan alles dien wurde: remje, skeakelje, útsjen en ek noch om ’e fytsers en auto’s tinke. Ik haw it folbrocht, mar efterútride doarst ik net, dus ha ik mar in rûntsje riden troch Kollum en doe mar wer nei Westergeast ta. It wie my dochs slagge en bring it reau en mysels hiel werom. Ik ha mar nearne oer praat.
Buorfrou neist it kantoar hie in pick-up krige. In nijmoadrich ding dêr’t jo plaatsjes op draaie koene. It wiene de sechstiger jierren. Se hie der ek noch in plaatsje by krige of kocht. Tige noflik foar ús, mar it wie mar ien plaat: Lesson One, fan Russ Conway. Dat ha wy witten! Elke moarn, in pear kear deis en wol in pear moanne efterinoar: Lesson One, troch de tinne muorre hinne. Wie it in foarteken? In earste les foar it fabryk, foar de direksje? It gepingel fan de piano en it deuntsje dat hieltyd flugger gie, it is hingjen bleaun nei al dy jierren.
Op in dei kaam Max deryn mei in lyts behindich mantsje, in kunde. Ik sjoch him noch kommen. Hy waard oan ús foarsteld. “Schets”, sei er, “Anton W.M. Schets.” Efterôf witte wy wat dat te betsjutten hân hat foar Aldwâld en omkriten: in giframp yn de slimste graad! Schets waard oan boargemaster Ottefanger fan Kollumerlân troch Max Gosschalk foarsteld. As de boargemaster alles fan tefoaren witten hie, hiene der gjin loovjende wurden yn it personielskrantsje stien.
No ja, sa begûn op 20 maart 1964 Kollum Chemie mei it útfieren fan de earste oarders. Yn 1963 hie er al mei jild fan in jildsjitter it skuorke efter it hûs fan Tsjalling Rekker kocht. In drama! Der waard personiel fan it fabryk útliend oan Kollum Chemie. De minsken krigen ekstra jild en men wist wêr’t om gie. It personielsbestân bestie doe op syn heechst út 57 minsken; dêrûnder de trije direksjeleden (mei Schets derby).

Froulju yn it skoft
Der wurken doe ek in stik of wat froulju yn it fabryk. De measten kamen út Driezum en Wâlterswâld. Jonge famkes mar ek troude froulju, dy’t faak yn de sortearderij oan it wurk wiene. Dat betsjutte fodden sortearje dy’t lang net altyd skjin wiene. Wat der bytiden yn de bûsen fan de fodden siet, no, dêr sloech de kleur jin doe fan út. De omstannichheden wiene net bêst. Jo moatte witte dat yn dy loads yn de winter gjin ferwaarming wie en boppedat wie it dêr stoffich mei al dy materialen. As de famkes om kofjewetter yn it kantoar kamen, wiene se swart om ’e holle, net om’t se har net goed wosken hiene, mar fan de smoargens troch it sortearjen en it foljen fan flessen en doazen yn it fabryk. It joech ús doe fansels as jonge jonges in soad ferdivedaasje.
Grif minder bekend wie it feit dat Holpatex N.V. ûnder de lieding fan de twakoppige direksje him ek dwaande hold mei it ferpakken en ferwurkjen fan ynsektisiden lykas dimecron en maneb. Yn april 1964 stie op ’e wurklist: “Het afvullen, inpakken en verladen van 3.000 dozen dimecron.” In swier giftich ynsektiside, levere troch Ciba A.G. út Switserlân. In gemyreus by útstek. Dêr wie it bedriuw eins net op klear. It stode as in wine yn it fabryk by it ôffoljen yn sekjes en doaskes, en jo koene net dûse. Dy wiene der net, alles draaide om produksje. Omdat dy konsintraasjes gif te grut waarden yn it fabryk, moast it wurk bûtendoar oan lange tafels útfierd wurde. Ik wit noch dat wy (it kantoarpersoniel) mei teeleppeltsjes it gif yn lytse sekjes diene, en dêrnei yn doazen ferpakten, en it waaide as it rikke. Om de safolle tiid waard ús bloed neisjoen troch dokter Roosdorp út Kollum, en hiest te folle gif yn it bloed, dan mochtst net mear wurkje. It is my ek oerkaam.

Froulju ûnder minne wurkomstannichheden
Ien fan de meiwurkers út it fabryk, Minse Sipma, is op in sneontemiddei mei haast nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Dêr is in ferslach fan makke troch de direksje en yn in krantsje ôfdrukt. De konklúzje wie: in produksjeferlies fan ƒ 6.000. En strangere maatregels lykas waskje, dûse en fabryksklean (overals) drage yn it fabryk, en wachtsje mei it wurk oant de dûsromten klear wiene. Dat it bedriuw bytiden stillein waard troch de wurkynspeksje hoecht jin gjin nij te dwaan.
Neist dat wurk moast ek noch 110 ton Russysk potjiskekarbonaat mei in nije troch Stemmler Imex levere masine kalsinearre wurde. Dat joech nochal wat problemen. It lân fan de boer foar it fabryk oer waard brún om’t de piip fan it fabryk te koart wie. It ding doogde net en hat it bedriuw nochal wat op kosten dreaun. De wurknimmers moasten goed oppasse, it wie raar bitend spul, funest foar de hûd lykas guon minsken wol ûnderfûn hawwe.
Foar it ôffal fan it fabryk – dêr’t de gemeente him och sa oan ergere, oan dy “mestvaalt” – wie in oplossing betocht. Mei it sechje ‘Us hiem is skjin! Dat fan jo ek?’, waard alle rotsoai ferbrând en ûnder de grûn neist de loads fan it fabryk bedobbe. Ik ha heard dat der letter noch gif oan de Simmerwei by yn ’e grûn siet. Dan sil dêr grif wol wat mear as allinne plastyk bedobbe wêze.
Al mei al gie it hurd efterút mei it bedriuw en doe’t Anne Dijkstra, de oare direkteur, siik waard en de lieding alhiel yn hannen fan Max kaam, waarden de skulden hieltyd grutter. Nei in ferlies fan ƒ 380.000 yn de lêste jierren, gie Holpatex oer de kop. Dat wie, tinkt my, ein novimber 1964. It singeltsje draaide net mear. Wie les 1 te hurd gien?
It grutte plan fan Max om fan Westergeast in grut doarp te meitsjen is al hiel mislearre. Ik bin net oan ’e ein ta bleaun, op 16 oktober 1964 ha ik ûntslach nommen en bin earne oars oan it wurk gien. It bûtere al net sa best tusken Max en my. Hy hie al ris sein: “Do bist krekt in amtner, do hast foar elke oplossing in probleem.” Dat koe ik mar yn de bûse stekke. It die my gjin nij dat letter de administraasje ferbrând is. In pear jier dêrnei haw ik der noch ris west foar wat belestingsaken. Ik krige doe as antwurd dat alles fuort wie, net mear beskikber, en dêrmei koe ik my ôfjaan.
Dat de iene direkteur Anne Dijkstra letter allinne (as direksje) foar it gerjocht kaam is, yn ferbân mei de saak fan de krûdekoöperaasje yn 1970 hat neffens my net alhiel terjochte west. De oare man (Max G.) hie der neist stean moatten.
Hie der gjin Holpatex west, dan hie der ek gjin Kollum Chemie west. De beide mannen seagen yn it noarden goedkeape arbeidskrêften foar smoarch en gefaarlik wurk dêr’t se yn it westen gjin minsken foar fine koene.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje