Huub van der Lubbe, Jett Rebel en Claudia de Breij by iepening kultureel seizoen

augustus 7, 2023 08:18 Fernijd

Lykas wenst wurdt yn it lêste wykein fan augustus de nasjonale iepening fan it kultureel seizoen fierd. Dit jier presintearret Eric Corton op sneon 26 augustus om 22.10 oere streekrjocht út Teater Carré wei it programma Het Culturele Seizoen: De Opening.

Argyfbyld Uitmarkt 2017 (boarne: NTR)

In oere lang komme âlde bekende en ferrassende jonge artysten del. Yn in fariearre show binne optredens yn alle sjenres te sjen: fan klassyk oant pop en fan kabaret oant dûns. Jett Rebel is bekend fan syn hitsingle ‘Louise’. Sjonger Huub van der Lubbe sjongt in liet út de musical De man fan La Mancha. Kabaretier Claudia de Breij hâldt in minykonferense oer de stân fan saken fan it lân. It Groot Omroepkoor komt mei sechstich sjongers sterk. Sjonger-lietsjeskriuwer Spinvis lit syn poëtyske teksten hearre. Der is emosjonele dûns fan goreograaf Shailesh Bahoran. Sjongeres Naaz sjongt yn Carré yn it Koerdysk it liet ‘Kche baralla’. Dichter Gershwin Bonevacia giet foar it earst op in muzikaal aventoer en nimt in bernekoar mei. Der binne soulfolle klanken fan oanstoarmjend talint Kymara. En sjongeres Sophie Straat lit hearre dat de jankfodde net dea is. Dat allegearre ûnder begelieding fan de swingende bigband New Cool Collective. Dy fiert syn tritichjierrich bestean mei as gast de jonge dûnser Joshua Markiet.

Nij konsept
De Uitmarkt hâldt nei 45 jier op yn syn hjoeddeiske foarm. Stichting Uitmarkt presintearret no in nij konsept ûnder de namme De Opening fan het Culturele Seizoen, dat yn it lêste wykein fan augustus 2024 lanlik presintearre wurdt. Yn dit oergongsjier iepenet Keninklik Teater Carré spesjaal de doarren om de start fan it kommend kultureel seizoen mei it Nederlânsk publyk en ferskate artysten yn te lieden ûnder de nije namme De Opening.

Bywenjen streekrjochte útstjoering
Mar ynformaasje oer it bywenjen fan de streekrjochte útstjoering út Carré wei is te finen op www.openingcultureleseizoen.nl.

Utstjoering: sneon 26 augustus om 22.10 oere by de NTR op NPO 2.

augustus 7, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.