Horrorhit Talk To Me is in grouwélige nachtmerje en dat is noflik
Resint ferskynd
Filmbesprek
No’t de pipernuten wer yn de winkel lizze en elkenien fan simmerfakânsje werom is, is it wer tiid foar besinning. Oer twa moanne is it Halloween, dus it is tiid foar horrorfilms.
Nei myn fakânsje fan trije wike yn de Balkan, dêr’t ik gjin inkelde film seach, reservearre ik doe’t ik wer thús wie fuort in kaartsje foar de nijste horrorhit Talk To Me.
De film, dy’t registrearre is troch de Australyske bruorren Danny en Michael Philippou, hie op it Sundance festival in premjêre dêr’t wakker fan opjûn waard. De distribúsjerjochten waarden fuortendaliks kocht troch A24, it Amerikaanske ûnôfhinklike filmproduksje- en distribúsjebedriuw, dat bekend stiet om syn spannende, yntinse horrorfilms. Dus doe’t ik yn de bioskoop siet, ik wie allinne, siet ik klear foar in bêste doasis spanning.
Yn it begjin fan de film sjogge we ien dy’t him troch in groep feestjende jongelju hinne wurket om syn broer op te heljen, in broer dy’t nochal nuver docht. De sêne einiget gewelddiedich en ferklapt de tema’s fan Talk To Me: famyljetrageedzjes, psychyske kwetsberens en de kontinue oanwêzigens fan kamera’s en social media. De skokkende earste sêne sette foar my fuort de toan: dit is hoe’t horror heart te wêzen. Goar en benaud.
Nei de prolooch sjogge we hoe’t de heit fan Mia (Sophie Wilde) nei de dea fan har mem, dy’t harsels tekoart die, wegeret om oer it barren te praten. Mia siket treast by har freondinne Jade (Alexandra Jensen) en har húshâlding, besteande út har bruorke Riley (Joe Bird) en har mem (Miranda Otto). Mia en Jade binne yntrigearre troch fideo’s dêr’t it yn liket as krije minsken in epileptyske oanfal, mar dêr’t fan sein wurdt dat se in geast ynhawwe; fideo’s dy’t makke wurde troch oare jongelju út harren mienskip.
By in húsfeestje komt Mia op it punt dat se ek oan de ynternethype meidwaan wol. It wurket sa: Litst dyn lichem oardel minút oernimme troch in geast, troch it fêstpakken fan in keramyske hân. Sis: “Talk To Me” en der ferskynt in ôfgryslik aaklike geast, dêrnei seist “I Let You In.” It ferlies fan kontrôle oer dyn lichem fielt spektakulêr, dus elkenien wol it besykje. It is in soarte fan drug, dêr’t de jongerein feestlik gebrûk fan makket. Mar dat mei nea langer as oardel minút duorje, want dan sil de geast net mear fuortgean.

‘Girl’s hand’ fan Auguste Rodin (foto: Wikimedia Commons – pubyk domein)
De jongelju kinne har wille net op, mar sadree’t ien kontakt makket mei Mia’s ferstoarne mem, giet it mis.
Mia giet te fier yn har besykjen om mei har mem te praten en sa rekket Riley, it bruorke fan Jade, besestere. De sênes dêr’t it mis yn giet binne ôfgryslik, de Australyske bruorren blike geweldige regisseurs te wêzen en de make-up dy’t yn de film brûkt wurdt is geweldich.
De film spilet mei tema’s as rouwe en ferslaving, mar it bliuwt in horrorfilm, it is gjin momint saai of te dramatysk. Dizze film hat de balâns fûn tusken drama en horror en wa’t him sjoen hat, freget himsels dochs ôf: Soe ik de hân fêstpakke? Ik net, mar ik jou dizze film wol fjouwer stjerren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje