Hinrichs Wäänte en Wuchtere winne de fjirde Seelter kroechkwis

augustus 31, 2023 08:22 Fernijd

Oft it no oer sport, skiednis of it Sealterfrysk gie: Hinrichs Wäänte en Wuchtere wisten fan alle ûnderwerpen in protte ôf. Mei 42,5 fan de 45 punten wie de ploech fan fiif de dúdlike winner fan de fjirde Seelter kroechkwis. Dat barde freed yn Fintjen’s Kleiner Pub yn Roomelse (Dútsk: Ramsloh). Lykas yn de foarige edysjes lies presintatrise Dagmar Heyen de fragen earst yn it Sealterfrysk foar en dêrnei yn it Dútsk, sadat dielnimmers mei kennis fan it Sealterfrysk in foarsprong hiene.

Winnende ploech Hinrichs Wäänte un Wuchtere (foto: Johannes Norrenbrock)

Wylst de lytse kroech meastentiids folboekt is foar de Seelter kroechkwis, diene dizze kear mar seis ploegen mei. Dat hie wol te krijen mei it feit dat in protte op fakânsje wiene, tinkt Henk Wolf fan it Seeltersk Kontoor, dy’t sels diskear om fakânsjeredenen ek ôfwêzich wie. “De sfear wie teminsten goed”, seit Johannes Norrenbrock, dy’t de kwisfragen makke hie en diskear allinnich de sjuery foarme.

Hinrichs Wäänte en Wuchtere krigen foar harren bysûndere optreden in drankbon fan 50 euro. It twadde plak wie foar Do Wieshoaken, dy’t 38,5 punten skoarde en mei in bon fan 30 euro nei hûs gie. De partoeren Theatergruppe Sedelsberg en Quiz-Ninjas einigen op it dield tredde plak mei elk 37 punten. Sy krigen bonnen fan 20 euro.

augustus 31, 2023 08:22 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.