Hast twa op de trije Fryske swimbaden hat kleanfoarskriften

augustus 26, 2023 08:31

In krappe stringbikiny, in net-offisjele boerkiny of in ûnderbroek ûnder de swimbroek; dat soarte baaiklean is net yn alle swimbaden yn Fryslân tastien. 61,8% fan de Fryske swimbaden hat yn syn digitale húsregels kleanfoarskriften opnommen, dêr’t besikers mei ferplichte wurde om swimklean te dragen. Dat docht bliken út ûndersyk fan ynternet-stylgids Dresscode.nl.

Foto: pixabay.com

Wat krekt ûnder ‘gaadlike’ swimklean ferstien wurdt, tinkt net elkenien gelyk oer. Neffens guon falle swimklean dy’t amper wat ferbergje of krekt it gesicht en in grut part fan it lichem wol bedekke dêr net ûnder, wylst oaren dat as gaadlik beskôgje. Om diskusje foar te kommen, makket 5,9% fan de Fryske swimbaden yn de foarskriften mei klam dúdlik dat it dragen fan sokke swimklean net (of soms krekt wol) tastien is, of inkeld yn oanpaste foarm.

Krappe bikinys net altyd akseptearre
Yn Fryslân steane by likefolle fan de swimbaden (5,9%) spesifike foarskriften op de webside oangeande it dragen fan in string. Dêr’t dy net tastien binne, meie froulju faak ek net sûnder topke swimme of sinnebaaie. Yn ferhâlding ta oare provinsjes binne der Fryslân mei dy persintaazjes minder regels foar krappe baaiklean.

Regels oangeande religieuze swimklean
Hoewol’t nearne boerkinys hielendal ferbean binne, stelt 4,5% fan de swimbaden yn Nederlân spesifike easken oan it type boerkiny dat droegen wurde mei. Dêr meie froulju allinnich yn in ‘offisjele boerkiny’ swimme, makke fan lykra. Yn Fryslân is lykwols gjin inkeld swimbad dat soks mei klam neamt. Yn Gelderlân hantearje just de measte swimbaden (10,1%) regels oer dat soarte religieus kleanguod.

Underguod ûnder swimklean as ûnhygiënysk beskôge
Guon swimmers drage in ûnderbroek ûnder de swimbroek, faak om’t swimbroeken los sitte, mar soms ek foar it ‘hippe’ rantsje dat boppe de swimbroek útstekt. Lykwols fynt net elkenien dat hygiënysk, en dêrtroch is it dragen fan in ûnderbroek yn 2,9% fan alle Fryske swimbaden eksplisyt net tastien. Dat is leger as de lanlike trochsneed fan 4,7%.

Yn it ûndersyksferslach is te sjen hoefolle swimbaden yn de rest fan Nederlân kleanfoarskriften hantearje en wat wol en net akseptearre wurdt.

augustus 26, 2023 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.