Harry Amsterdam beneamd ta Panskipper
Resint ferskynd
Harry Amsterdam (74) út Snits is freedtejûn by de offisjele iepening fan de Snitswike beneamd ta Skipper yn ’e Oarder fan de Snitser Panne. Mei dy ûnderskieding earet de Keninklike Wettersportferiening Snits (KWS) alle jierren in persoan dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de sylsport yn it algemien en foar de Snitswike yn it bysûnder.

Harry Amsterdam (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)
“Hy hat yn syn sylkarriêre mar leafst 55 Snitswiken meidien as dielnimmer en is de grutte inisjator, stimulator en ûnderwilens ek nestor fan de Reinbôgeklasse”, sei boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân oer de Panskipper. Súdwest-Fryslân is de opfolger fan de gemeente Snits, dy’t de ûnderskieding yn 1954 ynstelde. Sûnt 1966 heart by de ûnderskieding in brûnzen pankoekspanne dêr’t it stedswapen fan Snits yn ferwurke is.

De Sneker Pan (foto: Wikipedia/Mysha – publyk domein)
Harry Amsterdam begûn mei silen yn 1962 yn de Flits 233, troch Harry ek wol Bambi neamd. Sûnt die er oan goed 55 Snitswiken mei. De ôfrûne desennia hat de Panskipper in protte jonge silers oplaat en foar de wedstriidsylsport klearstoomd. Silers mei ûnderfining stie er ek mei ried en died by. Al jong wie er adviseur foar it skûtsjesilen en fungearre er ûnder oaren as wichtige oerlispartner fan rekôrkampioen Douwe Visser.
Yn it deistich libben wie Harry Amsterdam ûnderwizer. Yn syn frije tiid mei er ek graach ûnderwize en dan benammen oer syn dierbere sport: it wedstriidsilen. Hy sette in projekt op om mei jongelju it beurtskip Grou te restaurearjen. Dêr holp er jonge wurksikers mei oan in baan. Harry Amsterdam is foaral in echte leafhawwer fan de sylsport. En dan benammen op ‘de mar’, sa’t Harry sels as Snitser, de Snitser Mar neamt.

Harry Amsterdam is Panskipper 2023 (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje