Grutste lanlike strânopromming úteinset
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Hjoed, tiisdei 1 augustus, wurdt de Boskalis Beach Cleanup Tour fan Stichting De Noordzee ôftrape. Fyftjin dagen lang meitsje tûzenen frijwilligers de hiele Nederlânske Noardseekust skjin. Hast twatûzen frijwilligers hawwe har al oanmeld foar de tritich himmelaksjes: alle dagen wurdt it strân tagelyk yn it noarden en yn it suden fan it lân opromme, te begjinnen yn Cadzand en op Skiermûntseach.

Foto: Stichting De Noordzee
Dizze edysje ferwolkommet Stichting De Noordzee de 20.000ste frijwilliger sûnt it begjin fan de opromaksjes yn 2013. De stichting neamt it geweldich dat safolle strânleafhawwers har foar in skjin strân ynsette, mar it lit ek sjen dat ôffal by de boarne oanpakt wurde moat. “Wy betankje al dy geweldige frijwilligers. Tagelyk is it soer dat wy de ôfrûne tsien jier mei harren mear as 100.000 kilo smoargens opromme hawwe en dat it noch hieltyd sa’n grut probleem is. Tefoaren komme is better as genêze. It is needsaaklik dat der mear maatregels komme om ôffal by de boarne oan te pakken”, seit Ewout van Galen, haad programma’s by Stichting De Noordzee. “Nei alle gedachten nimt de kommende desennia de produksje fan plestik wrâldwiid enoarm ta. It is dweile mei de kraan iepen. Plestik fersmoarget it miljeu en bedriget it seelibben. De ôffalkraan moat simpelwei ticht.”
Sigarettepeuken: it ôffal dat it meast fûn wurdt op toeristyske strannen
Stichting De Noordzee freget mei de toer omtinken foar peuken. Op populêre strannen yn Nederlân binne sigarettepeuken it ôffal dat it meast fûn wurdt. Peuken, tige skealik foar de natuer en it miljeu, besteane foar 95 persint út plestik. Dêrneist befetsje se ferskate fergiftige stoffen en kin ien peuk wol tûzen liter wetter fersmoargje. “Se hearre absolút net yn de natuer thús”, fertelt toerorganisator Sebastiaan Verkade fan Stichting De Noordzee. “It strân is gjin jiskebak.” Mei de Boskalis Beach Cleanup Tour wurde alle dagen de peuken teld en dat resultearre ferline jier yn 86.954 peuken. Dat is neffens de stichting mar in fraksje fan it folsleine tal peuken dat op it strân leit.

Foto: Stichting De Noordzee
Folgje it goede foarbyld fan smookfrije strannen
Dêrom ropt Stichting De Noordzee kustgemeenten op om smookfrije strannen yn te fieren. Verkade: “Der is echt in momint tsjin peukeôffal kommen. Guon gemeenten jouwe in geweldich foarbyld troch smookfrije sônes op harren strân yn te stellen.” Yn 2019 waard op it strân fan Renesse in fiifhûndert meter lange stripe smookfrij makke. De gemeente Noordwijk folge mei in smookfrije sône yn 2022 en yn 2023. Dit jier wolle de gemeenten Den Haag en Goeree-Overflakkee dat ek dwaan. Stichting De Noordzee hopet dat alle gemeenten dat goede foarbyld folgje.
Ynskriuwe
It is noch hieltyd mooglik om oan ien of mear etappes mei te dwaan. Ynskriuwe kin fia www.beachcleanuptour.nl/etappes. Njonken de opromaksje steane op ferskate lokaasjes in Noardseekream dêr’t strânbesikers tusken 11.00 en 16.00 oprommaterialen liene kinne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje