Grinzer Museum siket smoarge studintekeamer foar grutte himmelbeurt

augustus 24, 2023 08:19 Fernijd

Besikers dy’t The Rolling Stones – Unzipped sjoen hawwe, witte dat dêr in tige smoarch appartemint yn te sjen is. It giet om it ferbliuw yn Edith Grove, dêr’t de Stones yn harren jonge jierren libben. Foar studinten mei krekt sa’n smoarge keamer betocht it museum in winaksje: in grutte himmelbeurt.

‘The Rolling Stones – Unzipped’ Grinzer Museum (foto: ©Peter Tahl)

Eins is it gjin gesicht, it triemmige appartemint yn Edith Grove yn Londen fan de Stones. Smoarge pannen, fize bêden fol rotsoai, in protte itensresten en útdrukte sigaretten. Keith Richards: “De keuken, dêr kaamst net, dy wie noch slimmer as de baaikeamer. It wie in swinekeet.” Dochs is de rekonstruksje fan it appartemint dêr’t de jonge bandleden yn de sechstiger jierren wennen, neiboud yn de útstalling. It jout in byld fan dêr’t de band weikaam en wat de kontekst wie fan de muzyk dy’t er makke.

Clean Me Up-winaksje
De winaksje is spesjaal foar studinten, dy’t, krekt as de Stones, in yngreven himmelbeurt fan harren smoarge keamer brûke kinne. Studinten yn Grins of Amsterdam kinne meidwaan troch in fideo fan harren snústerige studintekeamer te meitsjen. It byldmateriaal diele se op Instagram of TikTok, dêr’t se it Grinzer Museum by tagge en de hekstekken #CleanMeUpgiveaway en #RollingStoneSchoon by brûke. Meidwaan oan de winaksje kin oant en mei moandei 11 septimber 2023. De winner wurdt op 12 septimber buorkundich makke.

Mear útlis en alle aksjebetingsten binne hjir te finen.

The Rolling Stones – Unzipped is o/m 21 jannewaris 2024 yn it Grinzer Museum te besjen. Kaarten foar de útstalling binne te keap fia rollingstonesgroningen.nl.

Sjoch ek dit berjocht fan It Nijs fan 30 juny 2023.

augustus 24, 2023 08:19 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.