Gadingmakkers foar Tresoar Fellowship socht

augustus 4, 2023 08:17

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei-inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Alle jierren wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moanne mei stipe wurde. Gadingmakkers fan alle dissiplinen en nasjonaliteiten binne wolkom.

Foto: Tresoar

Betingsten
– De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2013);
– Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar;
– De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar;
– De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Frije Fries;
– By dizze en oare publikaasjes dy’t weikomme út it fellowship, wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte.

Haadtema’s
Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út:
1. Fryske skiednis;
2. Fryske literatuer;
3. Fryske kultuer;
4. Fryske letterkunde.
It ûnderwerp fan de Fellow slút by ien fan de boppesteande tema’s oan. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.

Stipendium
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stelle yn ’e mande in bedrach fan € 12.000 bruto beskikber as honorarium foar de útkeazen fellow. Dêrnjonken kinne reis- en ferbliuwskosten yn rekken brocht wurde oant in maksimum fan € 1500,00. It stipendium kin takend wurde as in zzp-fergoeding oan de fellow sels (derfan útgeand dat dy as zzp’er oantsjut wurde kin) of as in fergoeding foar it detasjearjen oan de wurkjouwer fan de fellow (as dy ree is dêroan mei te wurkjen).

Kritearia
Kandidaten foar de Fellow wurdt frege in eigen útstel yn te tsjinjen, dêr’t de relevânsje foar ien fan neamde haadtema’s dúdlik yn ûnderboud wêze moat. In ûnôfhinklike sjuery gearstald troch de beide finansiers sil út de ynstjoerde útstellen in kar meitsje. De sjuery slacht dêrby op de neikommende kritearia acht:
a. Kwaliteit ûndersiker, dat moat bliken dwaan út in cv en in publikaasjelist;
b. De helberens fan it projekt;
c. It ynnovative en kreative karakter;
d. Oft it ûnderwerp oansprekkend is foar in breder publyk;
e. Wittenskiplike relevânsje fan it útstel;
f. Maatskiplike relevânsje fan it útstel.

Fasiliteiten
– Tresoar stelt ûnder de normale kantoaroeren in fleksplak ta beskikking as dat winsklik is en biedt ûndersyksfasiliteiten yn argiven;
– Fan Tresoar út wurdt in begelieder/kontaktpersoan oanwiisd.

It útstel
Utstellen meie yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk opsteld wurde en moatte foar moandei 6 novimber 2023 per mail stjoerd wurde nei ynfo@tresoar.nl.

It útstel befettet:
• in curriculum vitae fan de oanfreger
• in wittenskiplik ûnderboud útstel mei in omfang fan tusken 1.000 en 1.500 wurden
• in list fan relevante publikaasjes fan de oanfreger
• in begjin- en eindatum foar it útstelde ûndersyk en in tiidpaad
• in referinsje út de akademyske wrâld.

Foar fragen of opmerkingen kinne jo telâne by Katja Westra, portefúljehâlder Fellowship út it bestjoer fan de stichting Freonen fan Tresoar. Kontaktgegevens: k.westra@planet.nl, tel. 06-11857033.

www.tresoar.nl

augustus 4, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.