Fryslân hat relatyf sjoen in protte iissalons
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
De simmer is yn folle gong. Yn Fryslân hoege we nei alle gedachten minder lang yn ’e rige te stean foar skepiis om ôf te kuoljen, as earne oars yn it lân. Op 100.000 ynwenners binne yn Fryslân nammentlik mar leafst 6,6 iissalons. Lanlik binne dat ‘mar’ 5,2. Yn Ljouwert is de lekkerste iisko te keap: yn de stêd binne de bêst beoardiele iissalons fan hiel Fryslân te finen. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan beslist.nl.

Foto: pixabay.com
It lekkerste iis is yn Ljouwert te keap
IIssalon La Venezia yn Ljouwert kriget fan besikers de bêste beoardieling op Google Maps fan alle Fryske iissalons. De top 5 bêste iissalons yn Fryslân lizze oer ferskillende gemeenten yn ’e provinsje ferspraat.
- IIssalon La Venezia yn Ljouwert – (4,6 stjerren mei 1.167 resinsjes);
- IJsfabriek & Chocolade yn De Fryske Marren – (4,7 stjerren mei 402 resinsjes);
- IIssalon MIN12 in Súdwest-Fryslân – (4,5 stjerren mei 563 resinsjes);
- Anne-Famke’s Pleats yn Ljouwert – (4,9 stjerren mei 80 resinsjes);
- De IJstún Dronryp yn Waadhoeke – (4,9 stjerren mei 41 resinsjes).
By it beoardieljen fan de bêste iissalons yn Nederlân is net allinnich nei de trochsneed stjerrebeoardieling sjoen, mar ek nei it tal minsken dat beoardiele hat.
In protte unike smaken, klassikers binne favoryt
Yn ús kikkertslân wurde in protte unike iissmaken ferkocht: fan ‘matcha 5-krûden’, ‘knyflok’ en ‘bier’ oant ‘gimber-jalapeño’ en ‘frikadel’. Op it stuit binne sels mear as tûzen ferskillende smaken beskikber. Dochs bliuwe fanylje, ierdbei en sûkelade favoryt. Dy smaken wurde hast oeral oanbean.
Yn trochsneed hat in iissalon sechstjin ferskillende smaken yn ’e fitrine. De kâns is it grutst dat men dêrby út de neikommende smaken kieze kin:
Ierdbei: 100%
Fanylje: 100%
Sûkelade: 90%
Stracciatella: 77%
Banaan: 75%
Pistasj: 68%
Hazzenút: 67%
Sitroen: 66%
Malaga: 62%
Mango: 54%
(Amarena) kers: 43%
Kokos: 40%
Karamel: 35%
Oreo: 34%
Smurf: 34%
Framboas: 33%
Fia dizze infographic is mear ynformaasje oer it ûndersyk te finen.
Oer it ûndersyk
Beslist.nl hat in ûndersyk útfierd dêr’t de priis fan ien iisboltsje by mear as hûndert iissalons by frege waard. Fierder is in analyze fan websiden fan Nederlânske iissalons útfierd om it ferskaat yn iissoarten yn kaart te bringen. De bêste iissalons yn Nederlân binne ek bepaald mei help fan Google Maps. Dy data waarden yn 23 sammele. By it oarderjen fan de goed 900 iissalons is net inkeld sjoen nei de trochsneed stjerrebeoardieling, mar ek nei it tal beoardielingen. Troch beide faktoaren te kombinearjen (foar alle salons yn Nederlân), ûntstie in skoare dy’t sawol de kwaliteit (trochsneed beoardieling) as de betrouberens (tal beoardielingen) wjerspegelet. As dy skoare tusken iissalons eksakt deselde wie, waard foar it oarderjen nei it tal stjerrren en dêrnei nei it tal beoardielingen sjoen. De tichtens fan de iissalons waard berekkene troch it tal fêstigingen op 100.000 ynwenners yn de COROP-regio’s of provinsjes fêst te stellen. (COROP = Coördinatie Commissie Regionaal OnderzoeksProgramma.)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje