Frysktalich boekje oer stroomútfal

augustus 6, 2023 08:18

Boarne: Henk Wolf

Yn it boekje Hantrekkens foar Grut Maleur mei it elektrys lit Ihno Dragt sjen dat der in protte misgean kin as it elektrys der in pear dagen út leit.

Dragt jout praktyske hantrekkens om dy tiid sûnder al te folle lijen troch te kommen. Henk Wolf hat it boekje yn it Frysk oerset. Op freed 4 augustus hat kommissaris fan de Kening Arno Brok it earste Fryske eksimplaar yn ûntfangst nommen.

Ynhâld
It boekje giet oer it útfallen fan it elektrys en wat dêr allegear mei anneks is. It is benammen skreaun om jo foar it ferstân te bringen hoe’n bargeboel oft it wurdt as de stroom der in moai skoft (trije, fjouwer, fiif dagen) ôf leit.

Boarne: Bureau Dragt/Utjouwerij Walraven de Granje

De oerheid hat him dêr tige op taret en dat is fansels net om ‘e nocht. En de oarloch yn ’e Oekraïne hat ek útwizing dien dat it minskebestean yn in omsjoch folslein op ’e kop stean kin. Dat, jo moatte samar net miene dat jo neat oerkomme kin. In luftich boekje mei hantrekkens foar jo, mei earnst en koartswyl.

It boekje kostet 8,95 euro en is ûnder oaren by de webwinkel fan de Afûk te keap. It Nederlânsktalich orizjineel hat as titel Handige tips bij een Grote Stroomstoring. De boekjes binne útjûn troch Bureau Dragt en útjouwerij Walraven de Granje.

Auteur: G.I.W. Dragt | ISBN: 9789082160970 | Tal siden: 40 | Taal: Frysk | Utjouwer: Bureau Dragt/Utjouwerij Walraven de Granje | Formaat: ynbûn | Kategory: Edukatyf, ferskaat, Fryske boeken, kado’s foar de feestdagen.

augustus 6, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. N. Elekstrysksma augustus 7, 08:15

    It ferkearde staveringsfoarbyld jaan is tige ûnferstannich …
    Frysker: elektrysk [mei in K as lêste letter!]
    út it nederlânsk-frysk elektrisch
    haadwurd it elek.trysk

    Synonimen
    elektrisiteit
    Farianten

    Hollanismen

    Oersettingen
    elektrysk

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.