Friezen binne minder ryk, mar wol it tefredenst

augustus 5, 2023 09:26

It ynkommensnivo yn in regio seit lang net alles oer de brede wolfeart fan dy regio. By brede wolfeart giet it oer de kwaliteit fan folle mear aspekten fan it libben fan minsken as inkeld it ynkommen. Dat wurdt dúdlik as bygelyks de brede wolfeart yn Fryslân ferlike wurdt mei dy fan Groot-Rijnmond (Rotterdam en omkriten).

Foto: pixabay.com

Yn Fryslân wurdt de relatyf lege ekonomyske posysje kompensearre troch in hege skoare op oare aspekten fan it libben. De regio Groot-Rijnmond lit just in omkeard byld sjen: dat gebiet is relatyf ryk, mar skoart by in protte tema’s fan brede wolfeart yn ferhâlding leech neffens oare regio’s. Dat docht bliken út de CBS-publikaasje Regionale brede wolfeart 2022.

Bbp
Trochgeans wurdt it bruto binnenlânsk produkt (bbp) de persoan fan de befolking brûkt as in mjitstêf fan hoe ‘woltierend’ oft in regio is. Dy is relatyf heech yn de gruttestêdsregio’s: Groot-Amsterdam, Delft en Westland, Groot-Rijnmond, Utert en Súdeast-Noard-Brabân. It bbp de persoan is relatyf leech yn grutte parten fan it noarden fan Nederlân, lykas yn Fryslân, en ek yn de Achterhoeke, Súdwest-Oerisel, en in part fan Seelân.

Kwaliteit fan libben
Brede wolfeart is de kwaliteit fan libben hjir en no, en de mjitte wêryn’t dy op kosten fan de brede wolfeart fan lettere generaasjes giet, of dy fan minsken op oare plakken yn ’e wrâld. Brede wolfeart bestiet út folle mear yndikatoaren as it bbp de persoan of oare ekonomyske fariabelen. It CBS hat de brede wolfeart ûndersocht foar de fjirtich saneamde COROP-gebieten (COROP = Coördinatie Commissie Regionaal Onderzoeksprogramma). Foar alle yndikatoaren is útmakke wêr’t in COROP-gebiet op ’e ranglist neffens oare gebieten stiet. De yndikatoaren binne ferdield oer ferskillende tema’s, lykas wolwêzen, miljeu en materiële wolfeart.

Groot-Rijnmond hat in bbp fan goed 53.000 euro de persoan en stiet dêrmei op it fiifde plak fan alle COROP-gebieten. De Fryske regio’s hawwe in folle leger bbp, en steane relatyf leech neffens oare gebieten. Mar op oare yndikatoaren fan brede wolfeart op it mêd fan materiële wolfeart en arbeid skoare de Fryske regio’s just better. Sa is de netto-arbeidspartisipaasje yn de Fryske regio’s heger, en de wurkleazens leger as yn Groot-Rijnmond. De tefredenens mei de reistiid fan en nei wurk is ek grutter.

Trochsneed skuld leech
Op it mêd fan te besteegjen ynkommen fan in húshâlding sit Rijnmond, mei de Fryske regio’s, oan ’e ûnderkant fan ranglist. It fermogen fan húshâldingen is yn Rijnmond relatyf leech, yn ferliking mei oare gebieten. Wol is de trochsneed skuld fan in húshâlding relatyf leech, krekt as yn Fryslân.

Wolwêzen, sûnens en wenjen
Op it mêd fan wolwêzen, sûnens en wenjen skoare de Fryske regio’s relatyf goed. De tefredenens mei it libben en de frije tiid is relatyf heech yn Fryslân, en leech yn Groot-Rijnmond. Op it mêd fan sûnens dy’t ûnderfûn wurdt en libbensferwachting sit Groot-Rijnmond by de ûnderste tsien fan COROP-gebieten, de Fryske gebieten steane heger op ’e relative ranglist. Op in tal aspekten oangeande wenjen is it kontrast tusken Rijnmond en de Fryske gebieten ek grut: Fryslân stiet dêr relatyf heech, wylst de ynwenners fan Groot-Rijnmond mei harren wengeniet ûnderoan de list bongelje.

Rijnmond skoart ek relatyf min op natuer en miljeu
Op it mêd fan miljeu en natuerlik kapitaal komt Groot-Rijnmond der ek relatyf min ôf. Dat gebiet hat in relatyf hege útstjit fan fynstof en broeikasgassen, benammen yn ferliking mei de Fryske gebieten. Wat bebouwing en grien-blauwe romte (bosken, parken en iepen wetter) oangiet, skoart Rijnmond relatyf min, en Fryslân yn ferhâlding goed.

It CBS publisearret alle jierren op Ferantwurdingsdei (de tredde woansdei fan maaie) de Monitor Brede Welvaart en de Sustainable Development Goals. Sûnt 2020 wurdt de brede wolfeart ek regionaal metten yn de regionale Monitor brede wolfeart (begjin desimber) en sûnt 2022 yn de Monitor brede wolfeart fan Karibysk Nederlân (novimber).

Boarne: CBS

Boarne: CBS

augustus 5, 2023 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.