Foech ûnderwiisynspeksje moat better
Resint ferskynd
De Ried fan Europa fynt dat de Underwiisynspeksje te min mandaat hat om it brûken fan Frysk yn de foarskoalske edukaasje te monitoarjen. De oerheid moat de Underwiisynspeksje better stypje yn it monitoarjen fan de trochgeande learline Frysk. Dat stiet yn it Fjirde Advys fan it Advyskomitee foar it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden dat okkerdeis útkommen is.

Foto: pixabay.com
Oare kwestjes dêr’t it Advyskomitee oer yn noed sit, binne it leararetekoart en it Frysk ûnderwiis bûten de basisskoalle. Benammen yn de gruttere plakken is it finen fan Frysktalige berne-opfang dreech. It komitee tinkt ek dat it belied oer meartaligens en it Frysk yn it heger ûnderwiis negative gefolgen hawwe kin.
De Ried fan de Fryske Beweging en oare Fryske organisaasjes pleitsje der al jierren foar, dat it foech foar de ynspeksje op it Frysk ûnderwiis by de provinsje Fryslân komt. It Ryk wol op dat punt noch hieltyd net om lyk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje