Steatefraksje FNP ropt kolleezje op om garnalefiskers te helpen

augustus 25, 2023 20:04

De garnalefiskers binne har ried te’n ein. Tonnen hawwe se ynvestearre yn it ferduorsumjen fan harren skippen en no driigje se nei 1 oktober gjin fergunning foar it fiskjen te hawwen. In kafkaeske situaasje! De FNP-Steatefraksje wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten der alles oan docht om dat sa gau mooglik te ferhelpen.

Foto Nationaal archief. boarne Wikipedia Commons. CC0

De fiskerij is in wichtige ekonomyske sektor foar de regio. Dy soarget foar in soad bedriuwichheid, ek op de fêste wâl, en is dêrmei fan grut belang foar de mienskip. Dat de garnalefiskers it no sa dreech hawwe komt trochdat de ryksoerheid harren oan de iene kant in goede takomst foarhâldt, mar harren oan de oare kant stikke lit.

Neffens FNP-Steatelid Dinie Visser moat it net foarkomme kinne dat alle partijen sizze dat it wichtich is om yn duorsumens te ynvestearjen en dat de oerheid it dan, as it derop oankomt, ôfwitte lit. De fiskers, dy’t op oanstean fan it ministearje ynvestearre hawwe, meie net de dupe wurde fan Haachsk treuzeljen by it ferlienen fan de nije fergunning.

De Steatefraksje wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten him foar de garnalefiskers ynset en yn oerlis  mei De Haach giet. Der moat sa gau mooglik in oplossing komme foar it probleem mei de fergunningen. De fraksje ropt it kolleezje ek op om yn oparbeidzjen mei oare oerheden te wurkjen oan belied dat takomst biedt foar de fiskerijsektor oan it Waad en de bedriuwichheid deromhinne. Dat jout perspektyf foar de mienskip.

Taheakke: Skriftlike fragen FNP oer garnalefiskerij

augustus 25, 2023 20:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.