Fierljepfeest yn Drylts op 2 septimber
Resint ferskynd
Sneon 2 septimber fan 13.00 oere ôf wurdt op en om de Fierljepskâns it Fierljepfeest Drylts 2023 holden. Neist it Nederlânsk Kampioenskip Fierljeppen is der in fierljepplein mei klimtoer, demonstraasjes fan Sterkste Man Wout Zijlstra, wedstriden Frysk damjen, fierljepfunk fan Anna Hoekstra, muzyk fan de Hegemer Dekdweilers en Time Maud, en hapkes en drankjes fersoarge troch it Wapen fan Drylts en Aan de Gracht.

Boarne: NK Kommisje Fierljeppen
Fergeze fierljeplessen foar alle skoalbern yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Yn oanrin nei it Nederlânsk Kampioenskip Fierljeppen dat de middeis holden wurdt op it fierljepterrein wurde troch de NK Kommisje alle skoallen yn de gemeente Súdwest-Fryslân útnûge om in fierljeples te folgjen yn Drylts. Troch de ferskate skoallen yn de gemeente wurdt dêr al folop foar ynskreaun. De lessen duorje oardel oere en besteane út ferskate ûnderdielen (karûssel), nammentlik teoretyske kennis oer de fierljepsport, ynpsringoefeningen by de sânbak en yn de klimpeal en in echte sprong oer de jeugdskâns foar wa’t dat wol. Foar de trije bêste sprongen is der in skoalpriis.
Nederlânsk Kampioenskip Fierljeppen
Hichtepunt fan it Fierljepfeest is it Nederlânsk Kampioenskip Fierljeppen dat om 14.00 oere úteinset. By de Fierljepferiening Drylts e.o. binne in stikmannich leden dy’t dreame fan in oerwinning op dy wichtichste wedstriid fan it jier. De leden fan de Polsstokferiening út Hollân moatte lykwols net ûnderskat wurde, de senioaren út dy regio wiene yn de twakamp noch oppermachtich.
Kaarten fia de webside
Fia www.fierljepfestijn.nl binne kaarten foar it evenemint te keap. Op ’e tiid bestelle is nedich yn ferbân mei de maksimale beskikberens. De kaarten kostje € 10 mei in programmaboekje en in konsumpsje ynbegrepen. Bern oant en mei tolve jier hawwe fergees tagong. Eventuele kaarten oan de kassa kostje € 12,50 it stik.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje