Doede Wiersma: It meast winske bern
Resint ferskynd
Oertinking
Yn in gedicht seit Nelson Mandela:
“Wa bin ik wol om mysels briljant, strieljend,
bejeftige, geweldich te finen?
Mar wêrom soest dat net wêze?
Do bist in bern fan God.
Do tsjinnest de wrâld net troch dysels lyts te hâlden.
Der wurdt gjin ljocht ferspraat
as minsken om dy hinne harren wissichheid tankje oan dyn lytsens.”
Dy wurden binne de Joazef út ’e Bibel op it liif skreaun. Hy dreamt derfan dat er betsjutting kriget, minsken iten jaan sil en dat er in liedende rol spylje sil.
Joazef is mear as in ienling, hy is it ideaal fan de opfieding út Ald-Israel. Alles dêr’t dy opfieding (ús oerlevere yn it boek Spreuken) de klam op leit – wiisheid, rjochtfeardichheid, de hannen út ’e mouwen stekke – fine wy yn Joazef.
Minsken mei sokke eigenskippen komme der as se as bern oan heit en mem fielden dat se o sa winske binne. No, dat wie it gefal mei Joazef. Hy wie berne nei in lange tiid fan wachtsjen, want Rachel woe mar net swier wurde. It dearde Jakob oan, want hy wie sa mâl mei har.
Doe’t Joazef dan einlings berne waard, wie de wrâld te lyts foar safolle lok. Mem Rachel popke en die mei him om en heit Jakob die fan ‘Suze nane poppe’ en ‘hop, hop hynke’, mar dan yn ’t Hebriuwsk. En doe’t Joazef grutter wie, kocht Jakob prachtige klean, lykas wy wolris klean fan in bepaald merk keapje foar in bern dat it sa graach wol.
Joazef wie it meast winske bern. Dat soe it rjocht fan alle bern op dizze wrâld wêze moatte.
Dat in bern, doopt of net doopt, dat rjocht by God hat, spylje wy yn ’e doop. In prachtige doopjurk mei dy unike wearde fan it bern ûnderstreekje.
Lêze: Genesis 30:22-24 en 37:3 en 9-11
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje