Diskusje yn Nij-Seelân oer twatalige ferkearsbuorden

augustus 2, 2023 08:17

It regear fan Nij-Seelân – of Aotearoa sa’t it by de Maori bekend is – hie it plan om twatalige ferkearsbuorden yn te fieren mei sawol de Ingelske as de Maoarytalen, as in ynklusyf gebeart nei de ynlânske befolking. Lykwols hawwe de plannen in ferdielend, rasistysk beladen debat opsmiten foarôfgeand oan de kommende algemiene ferkiezingen fan it lân.

Boerd yn Maori (foto: Wikipedia/Jill Hadfield – CC BY 2.0)

Yn Nij-Seelân wie koartlyn in iepenbier oerlis oer de fraach oft Te Reo Maori op 94 soarten ferkearsbuorden, ynklusyf buorden mei plaknammen, maksimum faasje, warskôgingen en sneldykadvys, opnommen wurde koe. It idee is, neffens de nasjonale Waka Kotahi NZ Transport Agency, om “kultureel begryp” en “sosjale gearhing” te befoarderjen mei de Maoarymienskip, dy’t hast in fiifdepart fan de befolking fan Nij-Seelân útmakket.

It idee foel net goed by rjochtse opposysjepartijen, dy’t sizze dat de buorden de ferkearsfeiligens yn gefaar bringe sille. In ekstra taal sil minder romte betsjutte foar de Ingelske wurden, sa wurdt sein, en in lytser lettertype sil foar automobilisten dreger te lêzen wêze. “Buorden moatte dúdlik wêze. Wy prate allegearre Ingelsk, en se moatte yn it Ingelsk wêze”, fertelde wurdfierder Simeon Brown fan de wichtichste opposysje fan de Nasjonale Partij oan ferslachjouwers. Hy woe hawwe dat de buorden minsken dy’t mei faasje ride betiizje kinne soene.

Dy bewearing soarge foar krityk fan de regearjende Labour Party. Premier Chris Hipkins beskuldige de opposysje fan fyn fermomme rasjale polityk: “Ik bin der net hielendal wis fan wat se dêrmei berikke wolle, útsein dat se in sinjaal ôfjaan wolle.”

De Nasjonale Partij lit ûnderwilens witte net perfoarst tsjin twatalige buorden te wêzen, mar jout oan dat it regear foarrang jaan moatte soe oan oare saken lykas it reparearjen fan gatten yn ’e diken en it ferbetterjen fan ferkearsnetwurken. De plannen hawwe sa in fûl debat opsmiten yn ’e oanrin nei de stimming yn oktober, dêr’t Labour in drege striid by krije sil om de macht te hâlden.

Nij libben foar in ienris stjerrende taal
In bytsje minder as in fearn fan de 892.000 Maoary fan Nij-Seelân praat Te Reo Maori as ien fan har earste talen, neffens de lêste gegevens fan de oerheid. Wylst tsjinstanners dat as argumint tsjin de buorden brûke, wurdt troch de resintste folkstelling fan 2018 útwiisd dat 95% fan de Nij-Seelanners Ingelsk praat. Foarstanners brûke deselde gegevens as in argumint foar de plannen.

In part fan de reden dat Te Reo Maori net folle sprutsen wurdt, is dat yn ’e koloniale tiid besocht waard de taal út te bannen. De Native Schools Act fan 1867 easke skoallen om wêr mooglik yn it Ingelsk te ûnderwizen  en bern waarden faak fysyk bestraft as se Te Reo Maori praten. Dat late ta it ferfal fan de taal, dat it Nij-Seelânske regear fan hjoed-de-dei besiket te kearen. It wol de taal behâlde as ûnderdiel fan it kultureel erfgoed fan it lân en sjocht twatalige buorden as in manier om it gebrûk derfan te stimulearjen. Dêrta hat it Ryk yn 2018 in fiifjierreplan lansearre dat rjochte is op it refitalisearjen fan de taal. Fiif jier lyn koe mar 24% fan de Nij-Seelanners “mear as in pear wurden of siswizen” fan Te Reo Maori prate. Yn 2021 wie dat oprûn nei 30%. Yn deselde rite is de stipe foar twatalige buorden tanommen fan 51% nei 56%. De fyzje is dat op ’en doer yn 2040 85% fan de Nij-Seelanners Te Reo Maori wurdearje sil as wichtich part fan harren nasjonaliteit, dat ien miljoen minsken de basis prate kinne sil en dat 150.000 Maoary fan fyftjin jier en âlder it krekt safolle brûke sil as it Ingelsk.

Reklameboerd foar lessen Welsk (foto: Wikipedia/Alan Fryer – CC BY-SA 2.0)

Binne twatalige paadwizers feilich?
It ferfiersagintskip yn Nij-Seelân ferwiist nei it foarbyld fan Wales yn it Feriene Keninkryk, dêr’t buorden mei sawol Ingelsk as Welsk delset binne om “feiligens te ferbetterjen” troch sprekkers fan de twa meast foarkommende lokale talen te betsjinjen. It seit ek dat de parallel tusken Nij-Seelân en Wales “benammen opfallend wêze sil as Te Reo Maori skielk breder begrepen wurdt”, lykas it regear hopet. Neffens ferkearskundigen is der gjin bewiis dat twatalige ferkearsbuorden op himsels negative ynfloed hawwe op it begryp fan in bestjoerder. It ûntwerp en it pleatsen fan ferkearsbuorden, lykas de talen en de kontekst dêr’t se yn brûkt wurde, moatte lykwols mei soarch behannele wurde. Undersyk troch de Universiteit fan Leeds lit sjen dat ferkearsbuorden besteande út fjouwer rigels of mear nei alle gedachten de reaksjetiid fan bestjoerders sinjifikant fertraagje. Yn gefal fan buorden mei ferskate talen dy’t op itselde alfabet basearre binne – bygelyks sawol it Welsk as it Ingelsk binne basearre op it Latynske alfabet – is neffens de saakkundigen omtinken nedich foar it ûnderskieden fan de talen, lykas troch it brûken fan ferskillende kleuren of lettergrutten.

It foarbyld fan Wales – mear as 10.000 kilometer fan Nij-Seelân – is net sa eigenwillich as it liket. Kritisy sizze dat der in protte ûngemaklike parallellen binne tusken it lot fan Te Reo Maori en it Welsk, dat ek ris drige út te stjerren, mar sûnt in oplibbing hân hat. Op it stuit dat Europeeske kolonisten yn de 19e iuw yn Nij-Seelân studinten straften foar it praten fan Te Reo Maori, ûntmoedige it Britske regear it aktyf brûken fan de Welske taal, of Cymraeg, nei in tiid fan grutte sosjale ûnrêst. Yn 1847 (tweintich jier foar de Wet op Native Schools fan Nij-Seelân), keppele in rapport fan it Britske regear de Welske taal oan dommens, seksuele promiskuïteit en ûnrêstich hâlden en dragen. Dat late ta de beruchte straf bekend as de Welsh Nots. Dat wiene houten planken mei dêrop de inisjalen W.N. dy’t learlingen dy’t op skoalle betrape waarden op it sprekken fan de taal, om ‘e nekke krigen. It kearpunt fan it Welsk kaam in iuw letter, nei oanlieding fan in searje kampanjes fan de Welsh Language Society yn de sechtiger jierren. Yn ien fan dy kampanjes hellen aksjefierders Ingelsktalige buorden by diken wei. Twatalige ferkearsbuorden kamen op. Yn 1993 naam it Britske parlemint de Welsh Language Act oan om derfoar te soargjen dat de taal deselde status kriget as it Ingelsk yn it deistich libben yn Wales. De taal wurdt no troch mear as 900.000 minsken yn Wales sprutsen, op in befolking fan trije miljoen.

Ferliking mei Hawaii
Oare kritikasters lûke parallellen mei hoe’t de Amerikaanske steat Hawaii ferkearsbuorden brûkt hat om it gebrûk fan Olelo Hawai’i oan te moedigjen, dat lykas Te Reo Maori, in Polynesyske taal is. Foar it oannimmen fan de Hawaï State Constitutional Convention yn 1978, dy’t Hawaiaansk in offisjele steatstaal makke, wie der noed dat de taal útstjerre soe. Yn ’e tachtiger jierren waard in begjin makke mei it ûnderwizen fan Hawaiaansk op skoallen en begûnen âlden gruttere ynspanningen te dwaan om de taal troch te jaan oan lettere generaasjes. Dat proses gie troch oant hjoed-de-dei mei it ynfieren fan okina en kahako – stipkes en streekjes dy’t ûnderbrekkingen en langere klinkers oanjouwe – op ferkearsbuorden, om minsken dy’t net it Hawaiaansk as memmetaal hawwe, korrekte útspraken te learen.

Boarne: CNN

 

augustus 2, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.