De Frjentsjerter Martinitsjerke fan 1421 oant 1580

augustus 23, 2023 12:18

Yn Fryslân tilt it op fan moaie midsiuwske tsjerken, mar faaks wol de moaiste stiet middenyn Frjenstjer: de ymposante Martinitsjerke. Oer dy tsjerke jout prof. Rolf Bremmer op 30 augustus in lêzing yn de rige Simmerjûnkolleezjes “Fan tichteby”, fersoarge troch de Akademy fan Frjentsjer.

Foto © Dick Tolsma

Bremmer sil earst wat fertelle oer it gebou sels, dat in 1421 folslein nij fan ’e grûn opboud waard. Doe’t yn 1422 de naal fan it dak berikt wie, stie dêr op it heechste punt fan Frjentsjer de grutste parochytsjerke fan Fryslân.
Dêrnei giet Bremmer yn op trije emoasjes yn en om de Martinitsjerke hinne, dy’t de grutte belutsenens fan de minsken mei har tsjerke sjen litte: freugde, rouwe en striid. Hy beheint him ta de earste 150 jier, oant it momint dat de tsjerke yn 1580 oergong fan de roomske nei de kalvinistyske earetsjinst.

Bremmer hat him yn 2017 yn Frjentsjer nei wenjen set en is lid fan de Protestantske Gemeente Frjentsjer. Oant syn emeritaat yn 2015 wie er heechlearaar Ingelske filology en bysûnder heechlearaar Frysk oan de Universiteit Leien. Yn 2021 fersoarge er, tegearre mei Anneke Mulder-Bakker, it prachtich foarmjûn en rûnom priizge boek Geleefd geloof. Het geloofsleven van boeren en burgers in Friesland en de Ommelanden van Groningen, 1250–1580 (2021; 3e printinge 2022).

Plak en tiid: Martinitsjerke Frjentsjer, woansdei 30 augustus. Ynrin: 19.30 oere, oanfang 20.00 oere.
Yntree, ynklusyf konsumpsje nei ôfrin yn kafee De Doelen: € 10, jongelju oant 18 jier € 5.

augustus 23, 2023 12:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.