Briefkje (80) Ier of let is alles wei

augustus 29, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.

Bêste Jan,

de gjalp oan ’e ein fan dyn brief fan ferline wike moast ik om gnize. It Frysk hat it wurd makker net yn de betsjutting fan kammeraat, maat. It wie dan ek in oanhelling yn it Hollânsk, mar it gie eins oer lju dy’t tinke dat hja kultuer meitsje. Do hiest dus ek skriuwe kinnen: Makers, staakt uw wilde geraas! Mar dat hie net sa’n grappich effekt hân en ‘Maten, raas net sa’, makket net folle yndruk. Dochs moai dat yn in twatalige situaasje sokke grapkes ûntstean kinne. Mar it is wol oppassen, want it gefaar fan betizing en ynterferinsje leit op ’e loer.

Dyn skoandere útlis oangeande ier, eartiids, (al)earen, ensfh. wol ik graach noch wat oan tafoegje. Op ’e Afûk-kursus ûntstiet altyd in weach fan begryp en ynstimming, sis mar in ‘aha-erlebnis’, as men ferdútst dat ier op ’e moarn itselde is as early in the morning. Helje it Ingelsk derby en men hat sukses. Fansels is it in moaie oerienkomst tusken Frysk en Ingelsk, mar de stap fan ier nei ear is my net rjocht dúdlik. De wurdboeken jouwe dan wol de foarmen ierder en ierst, mar mei dy freegje ik my ôf wêrom’t dy (hast?) net mear brûkt wurde. As ik dy wurden brûke soe, soe ik dêr in mear absolute tiidsoantsjutting (earder, it earst op ’e dei) mei bedoele, oars as betiid, dêr’t in relative tiidsoantsjutting mei bedoeld wurdt. Acht oere jûns is betider (earder) as njoggen oere, mar it is net ier en dus ek net ierder. Wat soe nammers it ierst wêze? Ik hâld it mar op it kraaien fan de hoanne.
Frysker is net sa strikt yn it ferskil tusken betiid en ier en dat is spitich, want men kin der it besef fan it relative en it (mear) absolute moai mei ûnderskiede.

In oar wurdpear dêr’t moai dúdlik ûnderskied tusken twa begripen mei makke wurde kin, is fuort en wei. Krekt as by ier en betiid is der in prinsipieel ferskil tusken de twa wurden, mar yn ’e praktyk rinne de betsjuttingen wolris wat trochinoar. Ik ferwiis nei Unfoech praat (41) fan fjirtjin dagen ferlyn. It giet yn dat stikje oer abortus, dat yn it Frysk ‘frucht(ôf)nimming’ hjitte kinne soe. Mar dy wurden hawwe it net rêden neffens Anne Dykstra, en hy skriuwt fierder: “Jo litte it fuortmeitsje.” It saaklik foarwerp it (it Hollânske ‘lijdend voorwerp’ is hjir faaks in nochal suggestive beneaming) kin opfette wurde as eufemisme foar de frucht of slimmernôch it berntsje. Wat Dykstra bedoelt is dúdlik, mar neffens my hie er weimeitsje skriuwe moatten. Fuort wurdt (tydlike) ôfwêzigens mei bedoeld; net te finen, net op it plak dêr’t it heart. Wei is definityf ferdwûn, ferlern, dea.
It prinsipiële ferskil tusken fuort en wei is logysk en begryplik, mar trochdat by in plakoantsjutting net fuort mar altyd wei brûkt wurdt (‘Ik moat hjir wei.’), is it net altyd ienfâldich. Der binne mear útsûnderingen: ik smyt faak rommel fuort, dêr’t ik fan hoopje dat it gau wei is. Mar dan sil earst de jiskewein komme moatte.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

augustus 29, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.