Briefkje (79): Taal is ek kultuer

augustus 22, 2023 08:00

Jan Breimer reagearret op it foarige brief fan Ed Knotter.

Bêste Ed,

In nijsgjirrige fraach hiesto: is eartiids itselde as yn earder tiden? Beide oantsjuttingen wize op foarbije tiden, mar oft it om iuwen óf jierren lyn giet, dat wurdt der net dúdlik mei makke. As ik by mysels neigean tink ik dat eartiids wat yn in saakliker kontekst past en yn earder tiden yn in ferheljende. Nijsgjirrich is ek dat we ear ek tsjinkomme yn alear, eardat, earjuster, earst en it hast fergetten (al)earen (= foarhinne). Men soe tinke, earder en earst binne de fergrutsjende, respektyflik oertreffende trep fan ear. Sa sil it ea (!) wolris west hawwe, mar dan yn earder tiden. As we net oppasse geane eartiids en foarhinne der ek nochris oan, want in protte minsken sizze leaver froeger, omdat se miene dat al dy oare oantsjuttingen âldfrinzich binne. Ja, en dát wurd is ek al wer âlderwetsk.
In wurd dat der wat foarm en ien fan syn betsjuttingen (betiid) oangiet tichteby leit is ier. Wy kenne dat yn moarnier en brûke it yn alderhande ferbiningen lykas ‘ier en betiid’, ‘ier op ’e moarn’, ‘ier of let’. It soe logysk wêze dat ier as fergrutsjende trep ierder en as oertreffende trep ierst hie, mar dat hearre en sjogge we selden of nea. We brûke dêr earder en earst foar: Antsje wie der foar har dwaan al ier by, mar Sijke wie der earder en Richtsje wie der it earst.

En dan de kwestje ‘taal en kultuer’. Do en ik binne it der wol oer iens dat dat gjin ienheden binne dy’t sa njonkeninoar neamd wurde kinne. Better soe wêze en haw it oer ‘taal en oare foarmen fan kultuer’. By dy foarmen tinke we al gau oan drama, byldzjende keunst, muzyk en dûns, mar kultuer omfettet folle mear. De earste definysje dy’t ik learde wie ‘kultuer is de behearsking fan de natuer’. De oarspronklike betsjutting fan it wurd kultuer is ‘bebouwe fan de grûn’. Ik lês op it stuit Revolusi fan David van Reybrouck. Dêr kaam ik it begryp cultuurstelsel (yn Nederlânsk Ynje) yn tsjin. Yn de tiid dat wol dúdlik wie dat Ynje selsstannich wurde soe, moasten wy op skoalle noch sekuer witte wêr’t op Java watfoar ‘cultures’ ferboud waarden. By in reis nei Rome wurdt dúdlik dat kultuer en boukeunst sawat synonym binne. Kultuer en beskaving lizze ticht byinoar. It giet om it gehiel fan gewoanten en (libbens)regels dêr’t in folk of befolkingsgroep him oan hâldt en him noflik by fielt. It belangrykste aspekt dêrfan is taal, want dêr kin gjinien sûnder.

De fraach wie oft kultuer te meitsjen is, oft men jinsels kultuermakker neame kin. Nee, wy libje yn in kultuer en guon dogge har bêst om fan ien of mear aspekten dêrfan wat bysûnders te meitsjen, om dêr op in kreative wize in bydrage oan te leverjen dy’t de kultuer te’n goede komt of it de minsken mooglik makket om derfan te genietsjen of der mear fan te begripen. It wurd ‘meitsje’ past dêr net by. Muzyk meitsje, allinne of mei-inoar, kin wol. In muzykstik meitsje kin wol, mar dat neame we komponearje. In skilderij en in byld meitsje neame we skilderje en byldhouwe. In gedicht en in boek meitsje neame we dichtsje en skriuwe. Al dy makkers drage in stientsje by oan it yn stân hâlden en útbouwen fan harren kultuer, mar we neame harren net kultuermakkers. Dogge se dat wol, dan soe ik harren taroppe wolle: Makkers, staakt uw wild geraas!

Mei freonlike groetnis,

Jan

augustus 22, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.