Briefkje (77): Oanfiele en/of beredenearje?

augustus 8, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op it foarige brief fan Ed Knotter.

Bêste Ed,

Taal kin soms dreech wêze. Yn dyn brief fan ferline wike brochtsto sa’n drege kwestje te praat. Do hiest op It Nijs in sin lêzen dêr’t “it Europeeske taalkundich en kultureel ferskaat” yn stie. De fraach wie wêrom’t Europeeske wol ferbûgd wurdt en taalkundich en kultureel net. Oft ik dat beredenearje woe. Ja, ik sil it besykje.

De trije eigenskipswurden fóár ferskaat (dat in it-wurd is) hawwe net allegearre deselde funksje. Yn de sin dêr’t ferskaat yn brûkt waard is it op himsels net taalkundich en ek net kultureel fan aard. Yn ‘taalkundich ferskaat’ foarmje dy beide wurden mei-inoar in hecht ferbân. Tegearre steane se foar in begryp. Mei ‘kultureel ferskaat’ is dat krekt sa. De eigenskipswurden steane yn in funksjonele en ynhâldlike relaasje ta it haadwurd. Dan is der reden om se net te ferbûgen. Soe it om in grut, lestich of dreech ferskaat gean, dan is der net sa’n funksjonele bining en soene we dus wol ‘it grutte, lestige of drege ferskaat’ sizze en skriuwe.

It taalkundich en kultureel ferskaat beheint him yn it artikel dêr’t it yn foarkaam ta Europa, better sein ta de lannen dy’t by de Europeeske Uny hearre. Europeesk en ferskaat foarmje net sa’n ynhâldlik ferbân. Dêrom wurdt Europeesk yn dit gefal wol ferbûgd. As Europeesk kombinearre wurdt mei parlemint en gerjochtshôf, dan hawwe we it oer besteande ynstitúsjes. Yn dy gefallen wurdt Europeesk net ferbûgd. Dat is krekt sa’n gefal as it lanlik regear en it provinsjaal bestjoer. Sa sit it ek mei it dynamysk enerzjykontrakt, in nij begryp. In bekend gefal is it materieel en it ymmaterieel kultureel erfgoed (of erfskip).

Do fregest dy ek ôf wat better is, it Haachsk of it Haachske gedoch. Ik tink dat it beide wol kin. As it giet om de politike streken en de burokratyske rompslomp dy’t út De Haach wei te ferwachtsjen binne, dan soe ik dat it Haachsk gedoch neame, mar as it om drokte giet dy’t him oeral foardwaan kin, kies ik foar it Haachske gedoch. It Amsterdamske gefljoch mei ik leaver oer as it Rotterdamske. Eigenskipswurden ûntliend oan plaknammen is trouwens in haadstik apart. Dy litte har net allegearre ferbûge.

It wol of net ferbûgen fan eigenskipswurden spilet net alinne by it-wurden, mar likegoed by de-wurden: de waarnimmend foarsitter, de regearjend kampioen, de sittend presidint, allegearre funksjonele begripen. Yn ’e regel wurdt soks oanfield. Sa sil it ek ûntstien wêze. Nijsgjirrige minsken falle de ferskillen en oerienkomsten op. Dy wolle witte wat de konsekwinsjes foar harren eigen taalgebrûk binne. Dan begjint it beredenearjen.

By it boppesteande sit ik mei noch in oare fraach. Is taal net in aspekt fan kultuer? Neffens my wol, mar hoe kinne we dan prate oer taal én kultuer en oer taalkundich én kultureel? Wy learden op skoalle dat opsommingen lykas ‘fruit en prommen’ en ‘sjonge en muzyk’ net goed binne omdat it gjin ferlykbere grutheden binne. Hoe kin dan yn beliedsfermiddens, mei allegearre minsken dy’t trochleard hawwe, sûnder te ferblikken oer ‘taal én kultuer’ praat wurde?

Mei freonlike groetnis,

Jan

augustus 8, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.