Briefkje (76) Ien en al swierrichheden
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op it lêste brief fan Jan Breimer.
Bêste Jan,
sûnt ferline wike hawwe wy ús de holle brutsen oer mear as ien taalkundich probleem. Earst mar ris oer ‘myn lêst brief’. Neffens my moasten we ús oan de regel hâlde dat nei in besitlik foarnamwurd it eigenskipswurd foar in it-wurd net ferbûgd wurdt. Dus net ‘ús nije adres’, mar ‘ús nij adres’. No heart ‘myn lêst brief’ net allinnich in bytsje nuver, it is ek ferkeard, die bliken út reaksjes. Ien reagearder ferdútste ús dat lêste yn ús gefal as rangtelwurd sjoen wurde moat. De útgong fan rangtelwurden is altiten -de, of -ste (earste, twadde). Fierders kinne wurden lykas middelste en safolste as ûnbeskate rangtelwurden fungearje. Ik tink dat iennichste ek sa’nien is.
No’t ik der fierder oer neitink, komt my yn ’t sin dat wy ek sizze: ‘myn koartste brief’ en ‘syn grutste fertsjinste’. Koart en grut binne gjin telwurden, mar krije -ste yn de oertreffende trep. De ste-útgong hat dus twa funksjes: it foarmjen fan in rangtelwurd en de oertreffende trep fan in eigenskipswurd. Dat liket my net tafallich, want yn beide gefallen giet it om in soarte fan seleksje. Ik lûk dêr de konklúzje út dat wurden mei in ste-útgong (rangtelwurd of oertreffende trep fan in eigenskipswurd) altyd ferbûgd wurde of al binne. Sa falt dizze teory foar my wol aardich teplak.
De regels foar it ferbûgen fan eigenskipswurden binne nammers net sa trochsichtich. Ik moat der alteast djip by neitinke. Soe ‘it provinsjaal bestjoer’ eins net ‘it provinsjale bestjoer’ wêze moatte? Nee, seit myn gefoel, mar wêrom net; it is ommers ek ‘it foarige bestjoer’?
Foar de wissichheid sis/skriuw ik bygelyks ‘it gedoch yn De Haach’, om’t ik net wit oft it ‘it Haachsk gedoch’ of ‘it Haachske gedoch’ is. En sa binne der mear ûnwissichheden.
‘It Europeeske taalkundich en kultureel ferskaat’, lies ik ferline wike op It Nijs. Dat is in dreech foarbyld. Trije eigenskipswurden, ien mei en twa sûnder bûging; doocht dat wol? Der stiet it foar, en krekt as der it, dit of dat foar stiet, wurde eigenskipswurden ferbûgd, haw ik leard. Hoe ferhâlde dy eigenskipswurden har ta-inoar en ta it haadwurd? Wêrom moat it iene wol ferbûgd en de oare twa net? Hoe sit dat krekt? It kostet my in soad holbrekken en ik wit net hokfoar regels oft dêrfoar besteane. Hoe soesto dat beredenearje?
Wat betsjut hielendal goed?, wie dyn fraach ferline wike. Goed, of mear as goed? Dat lêste kin fansels net, mar wat is dan de bedoeling fan it wurd hielendal? Of sjoch ik it ferkeard?, wie dyn fraach oan ’e ein. Perfoarst net hielendal ferkeard, soe ’k sizze, mar der binne wol nuansearringen. Seit hielendal eat fan goed? Yn it gefal fan mearkarfragen kin dat net, want der is ommers mar ien mooglikheid: goed of fout, en net in bytsje goed. By iepen fragen mei in gearstald antwurd is der wol in gradaasje mooglik, mar dat wie net oan ’e oarder. Do joechst sels al oan dat der emoasje en sensaasje (sa’n spultsje moat spannend wêze!) útdrukt wurde moat.
‘Geart is hielendal nei de Noardkaap fytst.’ Dat wie in hiel lang ein, mar mei it wurd hielendal wurdt dat net langer. As it wurd hielendal der net by sein wurdt, hat er dat lange ein likegoed fytst. Hielendal seit dus neat oer de ôfstân, mar wol oer de prestaasje. It drukt bewûndering út; dat is de emoasje en de sensaasje. As er him alteast net stikem in stikje fan de rûte ride litten hat.
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje