Briefkje (78): Sille wy oars noch wat kultuer meitsje?

augustus 15, 2023 08:00

Ed Knotter reagearret op it foarige brief fan Jan Breimer.

Bêste Jan,

it ferbûgen fan eigenskipswurden is yn guon gefallen wol dreech, mar it is ek hiel moai dat wy sokke subtile nuânsen yn ús taal útdrukke kinne. Dyn útlis wie tige ferhelderjend, net allinnich om te kommen ta grammatikaal goed taalgebrûk, mar ek om nei te tinken oer wat men krekt bedoelt. Op it stuit dat ik dat yn my omgean liet, lies ik yn it Hollânsk ‘in vroeger tijden’ (net ‘in vroegere tijden’). Dêr dus deselde redenaasje. Yn it Frysk soe men sizze ‘yn earder tiden’ (en net ‘yn eardere tiden’). Ik freegje my ynienen ôf, oft ik mei ‘eartiids’ itselde sizze soe. Neffens my betsjut ‘yn earder tiden’ krekt wat oars as ‘eartiids’, mar dat is dreech út te lizzen. Alearen, lang ferlyn, tsja, wat leit soks gefoelich. Dat is faaks de reden dat it Frysk safolle wjergaders foar dat begryp hat: foarhinne, yn ’t foarige, by âlds, âldtiids, foartiids, ensfh. Spitich dat we sokke wurden net faak (mear) hearre. Mar ho, ik bin yn in oar ûnderwerp belâne.

Graach wol ik no yngean op de fraach oan ’e ein fan dyn foarige brief. Taal en Kultuer, yn ien sike útsprutsen, dat is dûbeldop. Dêr hiest gelyk oan, Jan, taal is (in wichtige komponint fan) kultuer. Mar, kin men der tsjin ynlizze, kultuer is mear as taal. Yn ‘Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer’ liket de spesifikaasje Taal eins oerstallich, want as it om kultuer giet, giet it ek om taal. Sa soe it ek wêze mei Keunst en Kultuer. Jierren lyn hat Wim T. Schippers syn argewaasje alris utere fan de oantsjutting ‘Ministerie van onderwijs, cultuer en wetenschap’. As soene ûnderwiis en wittenskip gjin kultuer wêze. Hy stie suver yn ‘fjoer en flam’. En sjoch, dêr hast it al: wy wolle ús sa dúdlik mooglik útdrukke en leafst neat ferjitte. Dan sizze wy samar twa kear itselde, gjin fjoer sûnder flammen; de wurden fersterkje inoar.

It niisneamde ministearje waard in skoftlang oantsjut mei O, K en W. Der waard blykber fan útgien dat taal al yn ûnderwiis en wittenskip beflapt siet, mar der sit fansels folle mear yn kultuer as allinnich Keunst (dêr kom ok oan ’e ein noch op werom).
By kultuer moat ik altyd tinke oan kweekbakjes yn in laboratoarium, baktearjes dy’t nei ferrin fan tiid in organyske mienskip foarmje: in kultuer. Dy lytse sellen kloftsje gear, fersterkje en beskermje inoar en waakse út ta in organyske ienheid. Biologen haw ik wolris sizzen heard dat organismen ynformaasje útwikselje. Dat soe ynhâlde dat se op ien of oare wize gebrûk meitsje fan (in) taal. As taal en kultuer beide yn in kweekbakje be- of ûntstean kinne, dan moat sawol de T as de K yn BFTK mar stean bliuwe.
En dan noch wat. In wykmannich ferlyn stie der in opinystik yn ’e krante fan ien dy’t him kultuermakker neamde (Dat wurd stie der mei ien k, mar it wie dúdlik dat it gie om it tiidwurd meitsje). Foar my wie dat mis, en wol fan twa kanten.
A. Kultuer wurdt net troch in groep saakkundigen ‘makke’. Kultuer hawwe wy mei-inoar en dêr leverje wy mei-inoar in bydrage oan. De wearden dy’t in groep of in folk yn eare hâlde wol, foarmje de basis dêr’t it libben op ynrjochte wurdt. Krekt lykas baktearjes, dy’t yn kweekbakjes kultueren foarmje.
De wurden meitsje en makker wurde hjoed-de-dei hiel faak en ek frijwat nuver brûkt. Wie grapmakker of keunstemakker net in positive oantsjutting, tsjintwurdich liket it in eare om filmmakker of teätermakker neamd te wurden.
B. Yn it opinystik wie it te rêden om it generearjen fan jild foar festivals. Dêr wurdt it begryp kultuer wol hiel bot mei ferlytse. De festivalmakkers hawwe it idee dat it mei kultuer allinnich te rêden is om artistike produksje. Miskien heart dit net by briefkjen oer taal, mar de aap komt fansels út ’e mouwe as we yn ’e rekken krije dat it om de jildstream giet. Fan de festivalgonger, dy’t jild oer hat foar de artistike ferdivedaasje, nei de makkers, dy’t fansels in fergoeding hawwe wolle foar de produksje.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

 

augustus 15, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.