Bouwe de Boer: Tûk mei stroom omgean
Resint ferskynd
Kollum
Sawat alle dagen yn it nijs: de netkongestje fan it elektrisiteitsnet. Dat is yn Fryslân ien fan de grutte barriêren om de kommende jierren de klimaatdoelstellingen te heljen. De wachtrige foar it oansluten by nije oplaadynstallaasjes en sinnesystemen nimt hurd ta. Mar we hawwe ôfpraat dat we yn 2030 50% minder CO2 útstjitte en yn 2050 sels hast 100%. De stream minwaarberjochten fan al den dei en út de hiele wrâld makket de groep klimaatskeptisy hieltyd lytser, wat de druk om yn aksje te kommen krekt grutter makket.

Dynamysk kontrakt. Eigen foto
Stroomtûkens
Op it mêd fan stroom hat Fryslân in pear dingen aardich goed dien. Wy hawwe hjir bygelyks de measte sinnepanielen de bewenner en we hawwe Wynpark Fryslân op de Iselmar. Dy kombinaasje fan sinne en wyn garandearret dat der in soad stroom opwekke wurdt, goed ferspraat oer de dagen en ek oer dei en nacht. (Op de App: WP Fryslân is de stroomopbringst moai te folgjen). De lytse wynmûnen by boerepleatsen telle ek al wat mei: yn Fryslân steane dêr al mear as twahûndert fan. It opwekjen fan stroom waakst dus aardich oan. Troch it massaal sluten fan gaskranen yn huzen en bedriuwen nimt it brûken fan stroom ôf. De grutte swierrichheid sit him yn de ûnbalâns yn tiid tusken opwekjen en brûken. Dêrom dogge enerzjybedriuwen in nij oanbod: it dynamysk enerzjykontrakt. Dat hâldt yn dat de stroom op tiden dat der te folle produsearre wurdt (folle) goedkeaper oanbean wurdt. Benammen yn it wykein is dat spektakulêr. In protte bedriuwen binne dan ticht. Der wurdt dus minder stroom ôfnommen. As it dan op in sinnige dei waait, kin men sels jild ta krije foar it brûken fan stroom. Wynmûnen stilsette leveret dan sels jild op en it opladen fan de auto ek. Snein 30 july wie wer sa’n dei (sjoch ôfbylding). De fraach om dêr gebrûk fan te meitsjen groeit hurd.
Busferfier Fryslân
It is de bedoeling dat alle bussen yn Fryslân takomme jier elektrysk ride. Wynpark Fryslân produsearret safolle stroom, dat alle dagen in healoere wyn, trochinoar rekkene, genôch is om dy bussen op te laden. Mar hoe is de stroom goedkeap yn dy twahûndert bussen te krijen?
Sjedêr: tiid foar de nije tûkens!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje