Boalserter bedriuwen wolle wetterstof brûke en de stêd duorsum ferwaarmje

augustus 7, 2023 08:07

Gemeente Súdwest-Fryslân, it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) en Boalserter bedriuwen Elis, Hochwald, Rentex en UCC coffee hawwe ôfrûne tongersdei de yntinsjeoerienkomst Wetterstof Boalsert tekene. Dêrmei jouwe de waskerijen, it molkfabryk en de kofjebranderij oan dat se yn harren bedriuwen duorsume, griene wetterstof brûke wolle. Dy stap slút oan op de oerienkomst dy’t se yn 2019 tekenen om Boalsert duorsum te ferwaarmjen mei harren restwaarmte.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

“Hjirmei binne wy wer in stap tichter by in duorsume ferwaarming fan Boalsert kommen”, seit wethâlder Henk de Boer. “Neist de ynwenners moatte ek bedriuwen skielk fan it ierdgas ôf, wylst se noch noch mear as de helte fan it ierdgas yn Boalsert brûke. Wetterstof is in goed alternatyf foar de grutte bedriuwen en it swiere transport, wylst de restwaarmte dêrfan poerbêst te brûken is yn it waarmtenet. Boalsert hat safolle enerzjy en as wy dy witte te ferbinen, ûntstiet fansels in ierdgasfrije Enerzjystêd Boalsert.”

“It is prachtich om te sjen hoe’t gemeente, bedriuwen en partners gearwurkje. Dêr bin ik echt tige wiis mei”, meldt wethâlder ekonomyske saken Bauke Dam. “Dizze bedriuwen besteegje tiid en jild om te ferduorsumjen. En wetterstof sjogge sy krekt as wy as goed alternatyf foar fossile brânje, ek foar harren swiere transport. De ûndernimmers sjogge wat der kin en hoe’t se duorsum foarút kinne. Sa ynvestearje sy, krekt as ynwenners, yn in ierdgasfrij Boalsert.”

Enerzjystêd Boalsert
Yn en om Boalsert ûntsteane hieltyd mear plannen foar duorsume enerzjy: ierdwaarmte, duorsume elektrisiteit, restwaarmte en wetterstof. Dy enerzjyboarnen wol de gemeente mei-inoar ferbine yn in enerzjysysteem. Dat systeem hjit Enerzjystêd Boalsert. In waarmtenet moat dêr ûnderdiel fan wurde. De ferskillende boarnen leverje waarmte oan in buffer dy’t mei wetter folle is. Fia in stelsel fan buizen wurdt dat waarme wetter wer oan wenten en bedriuwsgebouwen trochjûn. Sa kinne dy mei de restwaarmte fan in wetterstoffabryk, dat op de wynenerzjy fan it wynpark yn de Iselmar draait, harren eigen hûs of gebou ferwaarmje, en kin de wetterstof yn de produksjeprosessen fan de bedriuwen brûkt wurde.

Hoe dan thús?
By in waarmtenet lizze der buizen yn ’e strjitte en hawwe alle huzen in ôfleverset dy’t dêrop oansletten is. Dy set bestiet út in waarmtewikseler dy’t de waarmte oerdraacht fan it waarmtenet nei de cv-ynstallaasje yn ’e hûs. Wat mear wenten oansletten binne, nammerste goedkeaper de waarmte foar elkenien is. Ynwenners betelje foar de hier fan in ôfleverset en foar de waarmte dy’t se brûke. Hja hawwe gjin cv-tsjettel mear nedich en hoege bygelyks gjin grutte djoere waarmtepomp oan te skaffen en te ûnderhâlden. Yn in protte gefallen is it oansluten op in waarmtenet goedkeaper as it hawwen fan in eigen waarmteboarne.

Ferfolchstappen
No hawwe de gemeente Súdwest-Fryslân, FSFE en de grutte Boalserter bedriuwen oanjûn dat se wetterstof en in wetterstoffabryk wolle. En earder al dat se restwaarmte oan Boalsert leverje wolle. No docht de gemeente mei de bedriuwen fierder ûndersyk. Bygelyks, fan wa is it wettestoffabryk aanst? En hoe draait skielk in waskerij of molkfabryk op wetterstof? As alles goed giet, wurkje de bedriuwen yn 2027 mei wetterstof en binne se ierdgasfrij. Yn oktober 2023 organisearret de gemeente in ynformaasjegearkomste foar ynwenners, om mei harren yn petear te gean en om harren ideeën, winsken en noeden te hearren.

augustus 7, 2023 08:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.