Arjen J. Dijkstra: Dogge de nije deputearren mear foar minder?

augustus 31, 2023 07:30

Eke Folkerts
Foto Prov. Fryslân

Jan Breimer skreau okkerdeis yn Briefkje oer taal (79) dat de opsomming ‘taal en kultuer’ eins lêzen wurde moat as ‘taal en oare foarmen fan kultuer’. Ik bin it dêr wol mei iens. It nije kolleezje fan Deputearre Steaten yn Fryslân tinkt der blykber oars oer. Taal en Kultuer sitte no net mear by ien deputearre yn de portefúlje. Eke Folkerts krige de ferantwurdlikheid foar Taal en taalûnderwiis, en Sijbe Knol foar Kultuer, mar ûnder mear ek foar Leefberens. In dielde ferantwurdlikheid is gjín ferantwurdlikheid, is myn ûnderfining. Ik wit net, ik wit net … Komt dit wol goed?

It nije kolleezje hat Oparbeidzje foar Fryslân as motto. Op de webside fan de Provinsje stiet dêroer: “Se ynvestearje de kommende jierren yn lânbou en natuer, de wenomjouwing, skjinne enerzjy, wurkgelegenheid en de maatskippij mei al har frijwilligers, ferienings, organisaasjes, doarpen en wiken.”

Dit kolleezje sil dus ynvestearje. Ik haw ris opsocht wat dat betsjut: ynvestearje is in opoffering fan tiid, ynset of jild om in doel yn de takomst te beheljen. De portefúljes yn it kolleezje en it presintearjen fan finansjele sifers binne mei de machtswikseling feroare. It fergelykjen mei it budzjet fan it foarige kolleezje wurdt dêr dreech troch. Ik helje der wol út dat it strukturele jild foar Fryske taal ferlege wurdt fan (sis mar) € 10,7 miljoen nei € 9,2 miljoen. Mocht in kommend kolleezje ek net mear ynvestearje wolle, dan is der tenei foar de Fryske taal oardel miljoen minder yn it jier beskikber!

Sijbe Knol.
Foto Prov. Fryslân

Hoe’t it mei Kultuer komt, wit ik net rjocht. De PvdA wynde him op dat punt foar it bestjoersakkoart wei. Terjochte? Ik bin bang fan wol. Der is fêst minder jild beskikber. Dat kin net oars nei de warskôgingen fan it eardere kolleezje. De hiele kulturele sektor wie ferline jier yn ûnstjoer.

Sijbe Knol kriget it benammen dreech op Kultuer en Leefberens. Hy moat – tink ik – mear doelen mei minder jild realisearje. De ponghâlder fan it kolleezje, Eke Folkerts, hat ek noch mear dossiers yn har portefúlje. Ik lies dat dy har bân mei Femke Wiersma yn de sportskoalle opboud hat. Sijbe moat dus mar gauris mei Eke nei de sportskoalle. Dêr wurdt grif wolris wat regele. Miskien komt it dan dochs noch goed.

augustus 31, 2023 07:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.