Arjan Hut – Oer frjemde grinzen
Resint ferskynd
Sneon reizgen de frou en ik nei Grins. It wetter stoarte út de loft, we hiene it net oan tiid om langer te wachtsjen. Kuieren nei it stasjon en sieten drippend en mei kletspoaten yn de kûpee. Efkes like it op te klearjen, mar de trein helle de bui yn, al foar Bûtenpost. We soene nei Grins om ús Iwan op te heljen, dy wie útfanhûs. Miskien noch nei it museum, as we net te benaud waarden fan de hege roltreppen.
Sa’n dei. Yn Grins spielde it noch. We wachten oant it oer gie, yn de hege hal op it stasjon. It gie net oer. Yn de rêchtas haw ik in bondel mei gedichten om ris yn te lêzen, mochten we tiid ha. As ik it derút krij, yn in bakkerswinkeltsje dêr’t we efkes opdrûgje en tee drinke, is der tiid. De gedichten binne wiet wurden, as hat ien der oerhinne gûld.
Wat fyn ik sa moai oan poëzy? It begûn dermei dat ik in boekje ynseach, it lei yn in Maxx Outlet. Ik lies in rigel, “vreemd was de grens / waar in de achtertuin / de nacht begon”. Dat wie it. Ik fielde my fereale op dy rigel en naam it boekje mei. Wêrom? Dreech om út te lizzen. Ik haw de rigel wolris sein tsjin in oar, mar sûnder itselde risseltaat.
It wie it begjin, it frjemde begjin fan in wûnderlike reis. Mear in beweging troch in dream, as bestie der in dream-siel en leine de wurden in brêge oan. Der is gjin moraal, gjin ferhaal, mar wat oars, wat spannenders. Achter de hûzen, oer in frjemde grins… ‘Achter de hûzen is it bitterkâld / se sjonge der mei tinne stimmen’, sa begjint in fers fan Aggie van der Meer.
Gedichten mei achtertunen, dy fyn ik gau moai. En treinen! Hearlik as der in trein troch in gedicht rydt. Do lûkst oan de needrem fan it libben. Stapst yn de tiid om as wie it in lânskip. Stapst út dysels. Bist neat en alles, alles en neat tagelyk.
Snein pas waard it drûch. Us skuon stiene achter it hûs yn in hoekje nei te drippen. Oan de ein fan de middei soe dêr de sinne skine. Mar der kamen al wer wolken oan. Walewolkjes, skieppewolkjes, fearrewolken. De telefoan tongere, it wie de haadredakteur fan de Moanne. “Juster is Aggie stoarn.”
No sit ik achter hûs, mei al Aggie har bondels om my hinne. Safolle gedichten dy’t in frjemde grins oerstekke, dêr’t yn reizge wurdt, boarte, songen, en fûgels hâlde tafersjoch. Dei en dream en rinne yninoar oer yn rigels om fereale op te wurden. Hoe sa? No sa:
Ik reizge mei mysels
Ik reizge mei twa dowen en mysels
fan Snits nei it hege lân en woe
dat ik de blauwe mûzefanger wie,
silend oer beferzen winterloften,
boppe de brede Fjirtjin en
de toer fan Skillaard,
mar ik hearde mysels praten
mei drôve passanten
dy’t har oansluting misten
en dreamden fan tiden
doe’t de trein goedkeaper wie
en noch hâlde yn Visvliet.
Ik sei tsjin mysels:
lûk oan ’e needrem,
ik lit dy mei de dowen los en
gean allinne fierder.
(Aggie van der Meer, út It bern dat oer it wetter blaast, Frysk & Frij, 2008)

Aggie van der Meer (eigen foto)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje