Arjan Hut: Hoe unyk binne wy?
Resint ferskynd
“Hee, Henk!” Yn de winkel rint in man efter my oan en tikket my op it skouder. As ik my omdraai, liket er teloarsteld en wat yn ’e tiis. “Do bist Henk net,” seit er, “mar do likest krekt op him.” Om dy tiid hinne wurd ik faker foar Henk oansjoen; dy wennet blykber ek yn Ljouwert. Haw ik dy man wolris sjoen? Wurdt ‘Henk’ ek wolris foar my oansjoen? Dat ien him taropt yn it foarbygean: “Moai gedicht, mar ik snap der neat fan!” Of dat se him freegje oft er dêr fan bestean kin, de poëzy? Earme Henk, dy man doart miskien amper mear de doar út.
Doe’t ik yn dy snuorje by ús mem op besite wie, yn Surhústerfean, waard ik al wer foar in oar oansjoen. Efkes in slach troch de âlde buert, mar in auto kaam efter my oan, ried efkes njonken my yn in fuotgongerstempo, en in man draaide it rútsje iepen. “O, ik miende dat jo in oar wiene”, sei er. It gong diskear net om Henk, mar om in Auke. Se hiene my foarbyrinnen sjoen, en tochten, hee, wat docht Auke hjir? Yn de auto hipt en efter my oan. (Sûnt ik it hier koart knipte, haw ik neat mear oer Henk of Auke fernommen.)
Fan ’e wike wie der in doku op telefyzje fan keunstner Bart Eysink Smeets, ‘Bart en de zoektocht naar de dubbelganger‘. Hy besocht om oan te toanen dat in minske net unyk is en fûn in hiel alvetal oan jongkeardels dy’t bot op him lykje. Ien dêrfan helle sels in priis op dy’t Smeets wûn hie. De keunstner sels wie ferhindere. In soad seremoanjebesikers hiene neat yn ’e gaten.

Nyck de Vries, coureur
Foto Bruna Pickler yn Wikimedia Commons, CC BY-SA 4.0
Der binne ek minsken mei deselde namme. Der skynt in Arjan Hut te wêzen dy’t gitaar spilet. Kreatyf folkje binne wy! It is ek wolris lestich, benammen foar wa’t in wat algemienere namme hat. Sa beklage keunstner Erik de Boer him deroer dat in kollega, dy’t him ‘tagge’ soe yn in Facebookberjocht, de ferkearde Erik de Boer tagde. It moaie is dat troch dat ferkearde ‘taggen’ ek wer nije kontakten en freonskippen ûntsteane. Us mem is no Facebookfreonen mei in folsleine frjemdling dy’t tafallich krekt sa hjit as har jongste beppesizzer.
Sa kom ik by Nyk de Vries. Net de coureur, mar de auteur. De Vries is in namme dy’t krekt as De Boer net al te seldsum is. Dochs wie it bysûnder, just yn de perioade dat as de iene as Dichter fan Fryslân yn de oandacht stie, promovearre de oare nei de Formule 1. In folslein oar sirkwy dêr’t bakken mei jild yn omklotse, miljoenen taskôgers, wrâldwiid media-omtinken. (Se lykje dêrby ek wol opinoar. In hiel lyts bytsje.) Ien fan beiden skreau der in gedicht oer, yn de Ensafh, it Frysk literêr tydskrift. It gedicht hjit fan ‘Nyk de Vries’:
Nyk de Vries
Gauris waard ik trochinoar helle mei in oar persoan
mei hast deselde namme. Dat wie soms ferfelend,
bygelyks as ik mysels socht op Google en inkeld
syn gesicht op it skerm ferskynde. It gie om de iene
of oare proazadichter, sa lies ik, dy’t mei syn wurk
in seker súkses hie. Earliksein wist ik net iens wat
proazagedichten wienen. It koe my ek neat skille,
al waard ik op in middei echt krigel doe’t sels in
sponsor myn namme stavere as sines. Op dat
momint tocht ik wol, is myn wurk soms net
wichtich? Wêrom moat it yn dizze wrâld altyd oer
dichtkeunst gean?
(Nyk de Vries, Ensafh nr. 4, 2023)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje