Anty-Frysk belied gemeente Harns
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Koartlyn waard bekend dat der yn de gemeente Harns in nije brêge neamd wurdt nei de ferneamde waarman Pyt Paulusma. In prachtich inisjatyf! Mar minder te wurdearjen is dat dy brêge Piet Paulusmabrug neamd wurdt en net Piet (of better noch Pyt) Paulusmabrêge. Sjoen de reputaasje fan Pyt as grut strider foar it Frysk is it suver in postume mislediging troch de gemeente Harns fan dizze bekende Harnser om de brêge in Hollânske namme te jaan. Dy besiket it goed te praten mei it argumint dat alle brêgen en strjitten yn Harns in Nederlânske namme hawwe: “In tegenstelling tot andere Friese gemeenten is het Nederlands leidend in Harlingen. Voor de desbetreffende brug is dan ook gekozen voor dit bestaande beleid.”
Hoe konsekwint kin men wêze… It liket wol as is Harns der grutsk op om te kiezen foar in Hollânsktalige namme yn stee fan in populêre stedsgenoat de eare te jaan dy’t him takomt yn de foarm fan it brûken fan syn eigen taal!
Mar botte konsekwint is de gemeente Harns net wat dat belied oanbelanget, want alle strjitnammen yn Winaam (ûnderdiel fan de Gemeente Harns) binne Frysktalich en de plaknammebuorden fan Harns binne twatalich Hollânsk-Frysk….
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
Der mei wol in kliber psychologen nei Harns ta om yn it reine te kommen mei it ferline. Se hawwe it noch net sa troch, mar se hearre gewoan by Fryslân neffens my. Hoe lang soe it noch duorje oant se opgean yn in gruttere gemeente? Of bliuwe se dêr foar ivich hingjen yn it ferline?