Anne Dykstra: Wiif

augustus 30, 2023 08:00

Kollum

Unfoech praat (43)

‘Dat wiif sit al wer te brieden’, ‘dat wiif rint al wer mei ’t grou liif’, foarbyldsintsjes út it Friesch Woordenboek fan Waling Dykstra, dat blykber net folle hawwe moat fan froulju dy’t om it hutsje bernswier binne. Nee, dan is der yn datselde wurdboek mear sympaty foar Lys, dy ‘begjint al moai te pronkjen’, je kinne al sjen dat Lys yn ferwachting is. Grif fan har earste bern. Yn in hânskrift foar it Friesch Woordenboek giet it oars wer oer in wiif dat yn ’e pronk is.

Yn dat hânskrift fine we noch in útdrukking dy’t it wurdboek net helle hat, in net al te sêftsinnigen ien: ‘Hja is foal’. Foal wurdt ornaris brûkt foar drachtige hynders en bargen. No’t it dochs oer hynders giet, Joast Halbertsma hat it yn syn wurdboek (1872) oer in Hynxte-dracht (hynstedracht), dat neffens it WFT in ‘voorgewende zwangerschap van vrouwen’ is.

As in frou swier is en net sizze wol fan wa, of dat net mei wissichheid sizze kin, dan wurdt sein dat it har fan ’e noardewyn net oanwaaid is. In fariant dêrop is: hja hat mei it gat yn ’e noardewyn lein.

Oare wike woansdei wer fierder.

augustus 30, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.