Anne Dykstra: It pak útskodzje
Resint ferskynd
Kollum
Unfoech praat (42)
Ien fan de betsjuttingen fan pak is ‘lêst, druk, besiking’. ‘Dat is in pak fan myn hert’, heart men ien wol ris yn net hielendal geef Frysk sizzen. Bedoeld wurdt dat der in lêst fan jin ôffallen is. As men in pak by jin delglide lit, dan skoddet men de soargen fan jin ôf. It swierwêzen wurdt ek wol mei in lêst of in soarch ferlike. Wa’t as frou it pak útskodde hat, hat in lytse poppe krige. It hoecht dan net perfoarst om in drege befalling te gean.
Der binne altyd keardels dy’t in frou mei it pak oanpiele litte, ‘alleen voor de gevolgen fan de liefde laten opdraaien’, ljochtet it WFT eufemistysk ta. Grutte kâns dat de frou dêr’t it hjir om giet mei it pak thúskomt, swier en wol wer by heit en mem ynlûkt. It Friesch Woordenboek (1903) jout as ferklearring fan mei it pak thúskomme: ‘wegens zwangerschap uit den dienst geraken’. Wat dat oanbelanget is der gelokkich in soad feroare, al binne gâns bazen hjoed-de-dei ek noch net sa wiis mei swangere wurknimsters.
Takomme wike woansdei wer fierder.
@Dykstra, jo einigje mei it net-geve ‘swangere’ wurknimsters, foar it neist omdat it geve wurd ‘swier’ jo net foldocht. My likemin. Jo witte grif ek wol wat fan it Aldfrysk út ‘e Midsiuwen. Doe brûkten se it wurd ‘bernswier’ foar ‘swanger’. It hat wat wei fan it Ingelske ‘she is with child’. Sille wy dat skoandere wurd mar wer ynfiere? Dan reservearje we ‘in swiere frou’ foar in frou dy’t wat te folle iten hat.
Lútsen Bakker
Bernswier liket my gaadlik en brûkber yn sprektaal. Dy hâld ik deryn!