Anne Dykstra: Oanbaarnd iten

augustus 9, 2023 08:00

Kollum

Unfoech praat (40)

Boarne: Wikimedia Commons CC BY-SA 3.0

As it iten oanbaarnt, set it him fêst yn ’e panne, lykas in frucht yn it liif fan in frou. Mooglik dat dat de ferklearring is fan de útdrukking de pôt is oanbaarnd, sy is swier. We fine de útdrukking meast yn ferbân mei ûnbedoeld swier wêzen of wurden. Bygelyks by Paulus Scheltema yn it begjin fan ’e njoggentjinde iuw: “hjar póàt ken wol e riz oonbarne. Zij is zoo wild, dat het haar by kans het zelve is met wien zij te doen heeft.”

Soks hearde fansels net sa yn ’e njoggentjinde iuw, je koene it better mar foar wêze: “as Rommert en Sjet enoar ha wolle, den is ’t better dat se yn ear en deuchd troue as dat in poat oanbârnd iten jowt” (T.G. v.d. Meulen 1898). Trouwens, ek yn ’e tweintichste iuw siet der noch in luchtje oan in moetje, lês dizze konversaasje út 1940 mar ris: “is Klaes al troud? Ja, ek noch al hastich. Mar ’t wier ek hwet oanbarnd, ha ’k wol heard.” Hjoed-de-dei sil in oare betsjutting fan de pôt is oanbaarnd ek noch faak opgean: ‘de zaak is bedorven’.

Hjoed-de-dei is it aardich makliker om tefoaren te kommen dat in frou swier wurdt as dat it earder wie. Der hat in tiid west dat foar it sjongen de tsjerke út suver de iennige metoade wie. Yn dy tiid woe it guon manlju ek al wol ris read foar de eagen wurde en dan songen se dochs it heechste liet yn ’e tsjerke. Dan wie it efkes ôfwachtsjen wat der barre soe.

Yn mannich relaasje sil it normale ferrin fan de menstruaasjesyklus mei opluchting ferwolkomme wêze. Benammen as it gie om in relaasje bûten of foar it houlik. Dan wie de ellinde net oer te sjen. Dan krigen je as mem in fet baarch thús of jo dochter kaam mei de brot of de boel thús. Skande! Foar bidden yn ’t brea bite, slimmer koe net. It brea yn ’e ûne foar dat je troud wiene, it like nergens op! Der wie eins mar ien mooglikheid om de skande wat ta te dekken: as de bliksem trouwe. Of in skandedekker fine fansels, mar dat mocht eins allinne de lju mei jild barre.

Reaksje
Henk Wolf hat reagearre op ôflevering 39 fan Unfoech praat, dêr’t ik dit sei oer ‘bûksiik’:
‘Yn it Friesch Woordenboek fan 1900 stiet bûksiik as oantsjutting foar it swier wêzen. It is iroanysk bedoeld, seit it wurdboek, en frjemdernôch stiet derby oantekene dat it giet om ‘zwanger, van een meisje’. Mei’t de wurdboekbrûkers ek yn 1900 wol witte sild ha dat in jonge net swier wurdt, sil wol bedoeld wurde dat bûksiik in oantsjutting is dy’t allinnich foar wyfkes fan ‘e minskesoart brûkt wurdt.’

Henk freget him ôf ‘oft Waling Dykstra mei de tafoeging “van een meisje” by “bûksiik” net de (te bot foar de hân lizzende) tsjinstelling mei in “jonge” útdrukke wol, mar dy mei in “wiif” – in troude frou. As “meisje” in oersetting is fan “faam” mei de betsjutting dy’t dat wurd om 1900 hinne hie, dan hâldt in frommeske op fan “meisje” te wêzen as se trout en “wiif” wurdt. In bûksike faam soe it túntsje dan te betiid yn ‘e bou hân ha.’
Dêr soe er bêst ris gelyk oan hawwe kinne.

Oare wike woansdei wer fierder.

augustus 9, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.