Alphonse Mucha, froulju en blommen
Resint ferskynd

‘Monaco – Monte Carlo’, 1897, fan Alphonse Mucha (foto © Pier Bergsma)
Op it stuit is der yn Parys in grutte tentoanstelling oer de keunstner Alphonse Mucha (1860-1939). Om 1900 hinne wie de keunstrjochting Art Nouveau, ek wol Jugendstil neamd, tige suksesfol.
Pier Bergsma
As it om gedichten, muzyk of skilderijen giet, binne der minsken dy’t fan ûnbegryplike keunst hâlde. Ik haw in grut part fan it wurk fan Karel van het Reve lêzen. Tusken 2008 en 2011 kaam syn sammele wurk yn in moaie ynbûne edysje út. Oer dichters dy’t in soad útlis nedich hawwe, skriuwt er earne – ik haw it net wer opsocht – “Wêrom skriuwe se net gewoan wat se bedoele?” Reve hold ek fan “neuriebare muziek”. Dat sprekt my tige oan. Ik bin dus net in leafhawwer fan it stik ‘Canto ostinato’ fan Simeon ten Holt, en de fervegriemerij fan Marlene Dumas is oan my ek net bestege. Tuskentroch, koartlyn kaam De zelfdenker út, in biografy oer Van het Reve, in oanrieder.
Begjin july wie ik in pear dagen yn Parys. Dêr tilt it op fan de tentoanstellingen en musea. It Louvre en Gare d’Orsay lûke alle jierren miljoenen besikers. Neist Opera Bastille stiet keunsthal Grand Palais Immersif. Dêr wie in grutte tentoanstelling oan Alphonse Mucha wijd.
Oan de ein fan de njoggentjinde iuw kaam der yn Frankryk en benammen yn Parys in nije keunststreaming, dy’t yn dat lân ‘Art nouveau’ neamd wurdt en yn Dútslân ‘Jugendstil’. It gie om tige begryplike en werkenbere keunst mei in ûnbidich tal fersieringen. Ta de grutte foarbylden fan Art Nouveau yn Parys hearre de yngongen fan de metrostasjons, makke troch Hector Guimard.
Alphonse Mucha waard yn 1860 yn Moravië, it tsjintwurdige Tsjechië berne. Hy krige in keunstoplieding, ûnder mear yn München. Yn 1887 gie er nei Parys. Hy wie net allinne skilder, mar hy makke ek bylden, dekôrs, sieraden en hy joech advizen oer de ynrjochting fan huzen. Syn grutte trochbraak kaam mei de affysjes dy’t er foar de aktrise Sarah Bernard makke. Dat wie doe de stjer fan de teäters yn de haadstêd. Oant en mei 1901 wie Mucha ferantwurdlik foar de affysjes, it dekôr en de klean foar Sarahs ‘Théatre de la Renaisssance’. Hy hie der grut sukses mei.
Nei it geweldige sukses fan de affysjes begûn printerij Champenois yn Parys mei de útjefte fan de saneamde Panneaux décoratifs. Dat wiene Mucha’s printen op papier of op side. Se koene lykas skilderijen ynliste wurde. De earste searje kaam yn 1896 út en hie de fjouwer tiden fan it jier ta ûnderwerp.
Om 1900 hinne waard Mucha oerstreamd mei opdrachten. Syn grutste put wie it ûntwerp foar it paviljoen fan Bosnië en Herzegovina op de wrâldtentoanstelling fan 1900 yn Parys. In jier letter mocht er in ûntwerp meitsje foar de juwelierswinkel fan George Fouquet yn ien fan de djoere winkelstrjitten. Dat waard in prachtich moai foarbyld fan ‘totaalkeunst’. Yn 1923 liet de eigener de winkel op ’e nij ynrjochtsje. Dy ynrjochting is noch hieltyd te sjen. No yn museum Carnavalet, ien fan de âldste musea fan Parys. Nei 1910 hat er in grut part fan syn libben bestege oan tweintich grutte skilderijen om de skiednis fan syn ‘Slavyske folk’ te ferbyldzjen. Dêr begûn er mei doe’t er yn Tsjechië werom wie en in part fan it jier yn Praach wenne. Dêr is er yn 1939 stoarn.
Ik haw nei de tentoanstelling fan Alphonse Mucha west. Dat wie tige de muoite wurdich, in multymediaal projekt mei film en in soad ynformaasje mei foto’s en tekst oer dy ferneamde Tsjechyske keunstner.
It mei dúdlik wêze. Dit is wol yn totale tsjinstelling fan ûnbegryplike keunst dêr’t ik mei begûn. Fan de oare kant, ek al is it profesjoneel en sierlik makke, it is wol mear fan itselde. In einleas tal jonge moaie froulju yn prachtige klean en mei in bosk hier mids blommen. Affysje foar bier ‘Bières de la Meuse’, foar fytsen ‘Cycles Perpecta’, foar waskpoeier, koekjes, sûkelade, foar de trein dy’t jin nei Monaco en Monte Carlo bringe kin en altyd wer dy froulju yn eroatyske hâldingen, healneaken, mei de boarsten hast bleat.
It gie mei Art Nouveau lykas mei oare keunststreamingen. It wie op it lêst net ‘nouveau’ mear. De minsken krigen der genôch fan. Aardich om te melden dat we yn Ljouwert en Grins in pear moaie foarbylden fan dy keunstrjochting hawwe lykas de apoteek oan de Foarstreek 58, boud yn 1905 troch arsjitekt Broekema. In oar foarbyld is it Gabbemagasthuis oan de Wybrand de Geeststritte, beide yn Ljouwert. Yn Grins kin men sels in kuiertocht meitsje de Jugendstil bydel, lykas by it gebou fan it Nieuwsblad van het Noorden lâns.
Hjirby it filmke dat ik fan de bysûndere Mucha-tentoanstelling makke. De tentoanstelling is noch oant en mei 5 novimber te sjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje