Akkie Feenstra nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân

augustus 9, 2023 08:46

Akkie Feenstra út Harns wurdt de nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Feenstra wurket no as senior kommunikaasje-adviseur by de Gemeente Ljouwert en is lid fan it ekspertteam krisiskommunikaasje by Feilichheidsregio Fryslân. Earder wurke se ûnder oaren by de gemeente Skylge. Hja folget yn oktober Jacqueline Spendel op, dy’t de Folkshegeskoalle ferlit om oan ’e slach te gean by it Frysk Museum.

Akkie Feenstra (foto: Mitch de Pon)

Akkie Feenstra bringt in soad ûnderfining mei op it mêd fan kommunikaasje, lieding jaan en belied. Hja wurket sûnt 2015 by de gemeente Ljouwert en wie dêrfoar ynterim teamlieder belied & regy en strategysk kommunikaasje-adviseur by de Gemeente Skylge. Earder wurke se yn ferskate kommunikaasjefunksjes yn de soarchsektor en yn it ûnderwiis en de hoareka.

Jitske de Hoop, foarsitter fan it bestjoer fan Folkshegeskoalle Schylgeralân: “Wy binne bliid mei Akkie Feenstra as belutsen en besiele nije direkteur. Njonken har ûnderfining bringt se in breed netwurk mei, yn sawol de Fryske as de Skylger mienskip. Sy ken ek de identiteit en histoarje fan de folkshegeskoalle út de perioade dat se wenne en wurke yn Denemarken, dêr’t de folkshegeskoallen ûntstien binne.”
Akkie Feenstra: “Yn ús jierrenlange ferbliuw yn Denemarken, it lân fan Grundtvig en de Folkehøjskole, bin ik yn ‘e kunde kommen mei de Deenske tradysje om in jier op in højskole te wenjen. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet foar deselde idealen, ek al giet it hjir om kursussen fan mear as ien dei. Ik haw der in soad sin yn om dy tradysje troch te setten en út te bouwen.”

Frou De Hoop: “De Folkshegeskoalle bestiet dit jier alwer 75 jier en is noch hieltyd in ynspirearjend plak foar ûntwikkeling en moeting. Us organisaasje hat de ôfrûne jierren ûnder lieding fan Jacqueline Spendel, nettsjinsteande de koroanaperioade, in moaie ûntwikkeling trochmakke. Wy binne as bestjoer grutsk op it team fan meiwurkers en frijwilligers en hawwe der alle betrouwen yn dat Akkie Feenstra yn ’e mande mei harren dizze unike organisaasje én syn gasten bloeie litte kin.”

Oer de Folkshegeskoalle
Folkshegeskoalle Schylgeralân fersoarget en organisearret kursussen fan mear dagen en aktiviteiten mei in edukatyf of (sosjaal)kultureel karakter. Dêrneist binne yndividuele gasten en groepen wolkom foar in ferbliuw. De akkommodaasjes binne boud op én yn de (fûneminten fan) bunkers fan de âlde Atlantikwall. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de bosk fan Hoarne, mei woartels yn de Fryske mienskip. De Folkshegeskoalle is as iennige noch oerbleaune folkshegeskoalle unyk yn Nederlân.

augustus 9, 2023 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.