Akademydei 2023: 85e dies natalis
Resint ferskynd
Sa’n 85 jier lyn begûn de Fryske Akademy mei in pear keammerkes yn it Coulonhûs. Troch de tiid hinne hat de Akademy fansels de nedige ferbouwingen en feroaringen hân, mar noch altiten stiet de wittenskip oangeande it Frysk/Fryslân foarop.

Fryske Akademy (foto: Wikimedia Commons/Wutsje – CC BY.SA 3.0)
It 85-jierrich bestean wurdt op freed 8 septimber fierd. It bliuwt dat wykein feest, want op sneontemiddei 9 septimber wurde de doarren fan de eigen gebouwen iepenset, omdat de Akademy mei noch sa’n 40 oare organisaasjes meidocht oan Uit in Huis. Nigethawwers binne fan herte wolkom.
Programma Akademydei 2023
Freed 8 septimber, Westcord WTC Hotel, Ljouwert
13.30 oere: Ynrin, ûntfangst mei kofje/tee;
14.00 oere: Iepenjen en wolkom troch Marit Bijlsma; taspraak troch dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder Fryske Akademy; Muzyk – Fryske sjonger & lietskriuwer Marcel Smit;
14.30 oere: Lêzing dr. Han Nijdam, ‘Freeska Landriucht (sirka 1485): in wichtige Aldfryske boarne én it âldste printe boek yn it Frysk’;
15.00 oere: Skoft mei kofje/tee;
15.30 oere: Presintaasje fan de Undersyksaginda Fryske Akademy troch dr. Jelske Dijkstra en dr. Simon Halink; Muzyk – 2de part optreden Marcel Smit; beneamen nije leden;
16.30 oere: Ofsluting en neipetear mei in hapke en drankje.
Oanmelde kin fergees, foar 1 septimber fia VanPlan.
Ik haw de Fryske Akademy melden dat ik net fan doel bin om it Nederlânsktalige opjefte formulier fan Van Plan yn te foljen. Boppedat kinne allinne mar de offisjele Frysktalige nammen brûkt wurde.
Soks binne wy net wend fan de Akademy!
Hielendal mei iens!