Aald Hielpen ferwolkommet nije dûnsers
Resint ferskynd
De Folkloristyske sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen siket nije leden. Wa’t fan dûnsjen hâldt, graach les fan in profesjonele dûnslieder les kriget, foar publyk dûnsje wol en fan dûnsfestivals hâldt, is wolkom.
De feriening bestiet al 111 jier, mar libbet noch as in hart. De leden sitte tusken de 19 en de 82 jier. Se oefenje ien kear yn de fjirtjin dagen op moandeitejûn. Dat binne gesellige jûnen. Foar publyk dûnsje docht de groep sa’n fyftjin kear yn it jier, sawol yn Fryslân as yn de rest fan Nederlân, Sweden, Ingelân, Dútslân, België, Japan en de Feriene Steaten. By sokke gelegenheden komme de tradisjonele dûnskostúms út it kammenet.

Boarne: Aald Hielpen
It dûnsjen is net dreech, want folksdûnsjen, de namme seit it al, is dûnsjen troch en foar elkenien. Wa’t in ynstrumint bespilet en it aardich fynt om de dûnsers te begelieden is ek wolkom; dat jildt ek foar ferhalefertellers.
De kontribúsje bedraacht 55 euro it jier. Dêr binne de tweintich dûnslessen by ynbegrepen en fansels alle wille dy’t de leden mei-inoar belibje.
Wa’t it wol wat liket is wolkom op 4 septimber yn de Klink te Koudum, op 11 septimber yn de Klameare te Warkum of op 18 septimber yn de Foeke te Hylpen.
Wa’t fragen hat kin kontakt opnimme troch te mailen nei info@aaldhielpen.nl of te skiljen mei 06-3957 2104 of 0514-52 18 69. Sjoch ek https://www.aaldhielpen.nl/
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje