Yn fjirtjin dagen al 200 oanfragen fan boeren foar útkeapregeling
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Yn minder as fjirtjin dagen hawwe har goed twahûndert boeren foar in útkeapregeling oanmeld. Dat befêstiget it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit nei berjochtjouwing yn de NRC.

Foto: Wikipedia/Larry Rana USDA – publyk domein)
Begjin july hat de oerheid twa útkeapregelingen opsteld. De iene regeling is ornearre foar pykbelêsters: agraryske en yndustriële bedriuwen dy’t in protte stikstof útstjitte yn natuergebieten, of yn ’e omkrite dêrfan. De oare regeling is bedoeld foar melkfee-, barge- en plomfeehâlders dy’t gjin pykbelêsters binne.
De measte fan de 200 yntsjinne oanfragen binne ôfkomstich fan pykbelêsters. As dy ûndernimmers ophâlde, kinne se harren bedriuw foar 120 persint fan de wearde ferkeapje. Dy neffens demisjonêr minister Van der Wal “woest oantreklike” regeling slút takom jier april wer. Boeren dy’t gjin pykbelêster binne, krije hûndert persint fan hearren bedriuwswearde.
It is oannimlik dat har noch mear boerebedriuwen foar de regelingen oanmelde. Sa’n trijetûzen bedriuwen komme neffens de minister yn ’e beneaming foar de pykbelêstersregeling. Fan dy bedriuwen sit sechstich persint yn de provinsje Gelderlân. It is neffens de demisjonêr minister net nedich dat alle pykbelêsters ophâlde. It soe neffens har al “hiel goed” wêze as in fyftepart fan dy bedriuwen ophâldt, oftewol 600 bedriuwen.
Boeren dy’t noch gjin oanfraach yntsjinne hawwe, lykje dat net oan ’e grutte klok te hingjen. Wim Brouwer, foarsitter fan de LTO-ôfdieling Gelderse Vallei, seit net ien te kennen dy’t him foar in útkeapregeling oanmeld hat, wylst yn dy regio in protte pykbelêsters binne. “It kin wêze dat se it stilhâlde, dat soe my net fernuverje.”
Wat it ophâlden fan in boerebedriuw betsjut foar de hoemannichte stikstof dy’t op ’e grûn delkomt, is ôfhinklik fan wêr’t it bedriuw krekt sit. Dat seit Wim de Vries, heechlearaar miljeusysteemanalyze oan de Wageningen Universiteit, yn it NOS Radio 1 Sjoernaal. “As in bedriuw hiel deun by in lyts natuergebiet sit, kin it echt wol wat útmeitsje.” Mar men moat neffens De Vries net ferwachtsje dat yn Nederlân no ynienen in hiele protte stikstofromte ûntstiet. “Want it is in lokaal fenomeen: it is net sa dat soks in protte seadden oan ’e dyk set yn Noard-Nederlân.”
Dat har twahûndert boeren foar in regeling oanmeld hawwe, is “in stap yn ’e goede rjochting”, seit De Vries. Om derfoar te soargjen dat de stikstofútstjit neffens plan yn 2030 mei 50% fermindere is, is der neffens de heechlearaar mear nedich. “Der moat ek in soad yn it management barre en der is in oare technology nedich.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje