Yn Sealterlân, yn mearkelân
Resint ferskynd
Skôging
troch Bouke Slofstra
Yn ’e nijste Us wurk (jg. 72, 2023, 1-35) stiet in stik fan Abe de Vries oer S.J. van der Molen, de skriuwer fan ûnder oaren it Frysk Sêgeboek. It blêd foel by ús op ’e matte doe’t ik krekt werom wie fan in reiske nei it Sealterlân. Dêr hie ús ploechje Akademy-minsken in praatsje holden oer mearkes, yn it ramt fan de Dai fon do Seelter (‘de dei fan ’e Sealters’) op 24 juny. Twa moaie oanliedingen om wat oer folksferhalen te skriuwen.
It mearke fan Dokter Alwittend komt – fansels – út de bondel Kinder- und Hausmärchen (1812-15) fan de bruorren Grimm (nûmer KHM 98), sa’t Minssen (1846/1970, s.7) al wist te fertellen (sjoch ek Wikipedia “Fertälstere” en “Strackerjan”). Lettere bewurkingen binne op ferskate plakken optekene. Dêrûnder binne twa Fryske farianten te finen, te witten in Sealter-fräiske fariant fan Harm Griep (Minssen 1846/1970, s. 55-57) en in Westerlauwersk-fryske fariant fan de ferteller Sybren Tiemersma yn Ype Poortinga syn ferneamde Ring fan it ljocht (1976, siden 304-5). It Sealter ferhaal fan Harm Griep is letter, omstavere en justjes ferkoarte, fia de fertellers Theo Griep en Fokke Hämken yn Fort syn Saterfriesische Stimmen (1990, siden 72-75) bedarre. (It is ek yn in Dútske oersetting ferskynd yn Strackerjan 1909 (diel 2, siden 494-496), sa’t yn de ynlieding fan Minssen te lêzen stiet.
It ferhaal giet ornaris sa. In ienfâldich man beart dat er o sa leard is en hinget in nammebuordsje mei de tekst ‘dokter Alwittend’ op ’e gevel fan syn hûs. Dan komt al rillegau in pommerant (kening of greef) yn it ferhaal, dy’t wat fan him witte wol. De held fan it ferhaal jout de oplossing fan it riedsel, mar dat docht er wol by fersin, omdat er eins wat oars bedoelt te sizzen. Hy kriget in mânske beleanning foar syn wiersizzerij en elkenien hâldt him no wis en wrychjes foar alwittend. Dat is de fêste struktuer yn hast alle farianten, sa ek by Poortinga.
Mar it Sealter ferhaal past net hielendal yn it plaatsje. De greef syn hynder is niiskrekt troch ûnbekende dieven stellen, en no rydt er tafallich by it hûs en it nammebuordsje fan de sabeare-alwittende sabeare dokter lâns, dy’t miskien wol wit wa’t it dien hat. Oant safier alles yn oarder. Mar de sabeare dokter jout no gjin ûnbedoeld-profetysk antwurd, sa’t er by Grimm, Poortinga en oaren docht. Hy stjoert yn stee dêrfan de feint fan de greef nei de apteker ta. (Hjir sjogge wy noch in twadde ferskil mei de oare farianten, want it wurd dokter hat hjir de moderne betsjutting fan ‘medikus’ en net dy fan ‘gelearde’.) De apteker mient dat de feint de gek mei him hat en jout him in laksearmiddel mei. De feint moat no hookstrooks uut de Bukse. Syn kakkeneed bringt him fuortendaliks nei it bûthús efter de apteek. Dêr fynt er samar it stellen hynder.
De Sealter ferteller Harm Griep hat sûnder mis op eigen manneboet in folslein nije fariant optocht. It laksearmiddel-motyf sjogge wy ek yn in oar Sealtersk ferhaal, oer do lääste Holloundgungere (‘de lêste hantsjemieren’), fan Hermann Janssen (1953-65, s. 240-2). Hermann Janssen wie de skoansoan fan Bernd Lau, in Sealter boere-arbeider dy’t yn ’e jierren tusken 1870 en 1890 simmerdeis syn brea as simmermeaner yn Fryslân fertsjinne. De Fryske boer soe mei syn Sealter feinten om kriich meane. De winner stie in beleanning te wachtsjen. Doe’t de boer ynseach dat er syn wedzjen ferlieze soe, kaam er ap ’n komisk Idee. Hy joech de meaners wat yn it middeisiten, en dan moasten se bäte Busk (‘achter de boskjes’). Mar doe hiene se de broek útlutsen en ha se gewoan fierder meand.
Wêr’t de ferteller Harm Griep no krekt syn ynspiraasje wei helle hie is net sa foarnaam. Feit is dat it skynbere folksferhaal oer Dokter Alwittend yn ’e Sealter fariant in ferhaal wurden is. It mearke is net út ´e folksmûle optekene mar yn in bewurking fan in yndividuële ferteller. De Sealter fariant wiket sadwaande ek te fier fan it algemiene patroan ôf. Sokke bekende mearkes en ferhalen (mei al har farianten) binne ommers troch ûndersikers yn in saneamde Aarne-Thompsonlist sammele. Dokter Alwitten is nûmer AT 1641 (Dekker e.o. 96-98 en 439-441). Sa komme wy bygelyks ek te witten dat it ferhaal Kneppel út ’e sek (AT 563) in fariant is fan ‘Tafeltje dek je’ (Dekker e.o. 360-364). Dat mearke komt yn twa hast gelikense farianten foar yn it Sealterlân (yn Fort 1990 siden 48-53 en yn Minssen 1846/1970, siden 21-32) en ien yn Westerlauwersk Fryslân (by Dam Jaarsma).
Yn ’e praktyk is der suver gjin ûnderskied te meitsjen tusken folksferhalen en fertellersferhalen. Dat probleem hie de folkskundige Sytse Jan van der Molen yn syn proefskrift fan 1998 goed yn ’e rekken. De mearkesamlingen fan Ype Poortinga en Dam Jaarsma fertelle ús dêrom net safolle oer de tinkwrâld fan “de sljochtweihinne Fries” as dat men earder tocht hie (sjoch it artikel fan Abe de Vries). In grut part fan Ype Poortinga syn materiaal kaam bygelyks fan twa ‘kreätive’ fertellers: Roel Piters de Jong en Steven de Bruin.
Yn it gefal fan Dokter Alwitten wie Poortinga syn boarne Sybren Tiemersma. Dy hie blykber wat minder fantasy as De Jong, De Bruin en Griep.
Mei tank oan Johanna Evers, Strukelje (Strücklingen).
Boarnen
Dekker, Ton & Van der Kooi, Jurjen & Meder, Theo. Van Aladdin tot Zwaan-kleef-aan. Lexicon van sprookjes: ontstaan, ontwikkeling, variaties. Nijmegen: SUN, 1997.
Fort, Marron C. Saterfriesische Stimmen. Texte und Zeugnisse aus dem friesischen Saterland mit hochdeutscher Übersetzung. Rhauderfehn: Ostendorp, 1990.
Grimm, Jacob & Grimm, Wilhelm. Kinder- und Haus-Märchen. Gesammelt durch die Brüder Grimm. Realschulbuchhandlung, Berlyn 1812-1815.
Janssen, Hermann. Lesebouk foar ’t Seelterlound. (Stikjes út de krante General-Anzeiger, 1953-1965.)
Minssen, Johann Friedrich. Mittheilungen aus dem Saterlande. Tredde diel. [Manuskript út 1846; yn 1970 útjûn troch Pyt Kramer. Ljouwert: Fryske Akademy.]
Poortinga, Ype. De ring fan it ljocht. Fryske folksforhalen. Baarn (Bosch en Keuning) en Ljouwert (De Tille), 1976.
Strackerjan, Ludwig. Aberglaube und Sagen aus dem Herzogthum Oldenburg. Twa dielen. Oldenburg: Gerhard Stalling, 1867. (Twadde printing: Leer, Schuster, 1909.)
Vries, Abe de. Sytse Jan van der Molen as Frysk en Nederlânsk folkskundige. Yn: Us Wurk, tydskrift foar frisistyk, jg. 72 (2023), 1-35.
Wikipedia: lemma “Ludwig Strackerjan”, opsocht 12-07-2023. URL: https://wikisource.org/wiki/ludwig_strackerjan.
Wikipedia: lemma “Fertälstere” (Minssen, Bröring, Strackerjan), opsocht 12-07-2023. URL: https://stq.wikipedia.org/wiki/Fertälstere.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje