Yn ’e simmerfakânsje alle tongersdeis merk yn Wâldsein

july 20, 2023 08:19

Op in unyk plak, deunby de passantehaven yn it gesellige doarp Wâldsein, wurdt ek fan ’t simmer sân kear op tongersdei de Boeremerk organisearre. In merk fan 11.00 oant 17.00 oere mei alle tongersdeis mear as 35 diskehâlders.

Foto: Thea de Jong

De Boeremerk is al jierren in grutte publykslûker. Tongersdei 27 july 2023 is it ekstra feestlik op ’e merk. Dy deis wurdt de 50e Boeremerk yn Wâldsein holden.

It oanbod op ’e Boeremerk is fariearre en kin alle tongersdeis oars wêze. Hearlik farske streekprodukten binne der te finen, oanfolle mei ferrassende kado-artikels. Men kin mei de diskehâlders yn ’e kunde komme; in protte fan harren meitsje it produkt sels en fertelle der graach oer. Dy ferhalen meitsje in besite oan ’e merk yn alle gefal bysûnder.

Foto: Thea de Jong

De earste merk is op tongersdei 20 july. Dit jier wurde wer in protte besikers ferwachte, sawol toeristen as besikers út de regio. Dy kinne it histoaryske Wâldsein mei unike gloppen en in protte ytgelegenheden ûntdekke. Deistige boadskippen, lykas griente, fruit, sjem, huning, bôle, suvel, fleis, fisk, tee en oare aardige artikels, binne op ’e merk te keap.

Foto: Thea de Jong

Oerdeis kin fergees oanlein wurde yn ’e passantehaven. De Boeremerk en it sintrum binne dêrtroch foar wettersporters op rinôfstân goed te berikken.

Mear ynformaasje stiet op: www.welkominwoudsend.nl/boerenmarkt.

Boarne: Wâldsein Promoasje

july 20, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.