‘Wy binne mbû’ komt mei nije webside mei oanbod foar profesjonals

july 6, 2023 08:26

De partners Aeres, Firda en Afûk komme, as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030, mei in nije webside. www.wybinnembu.frl is makke foar profesjonals dy’t har dwaande hâlde mei it Frysk en meartalichheid yn it middelber beropsûnderwiis.

Boarne: webside www.wybinnembu.frl

De basis fan ‘Wy binne mbû’ leit by it ûndertekenjen yn desimber 2021 fan it konvenant dêroer: de ôfspraak tusken de Fryske mbû-ynstellingen, yn ’e mande mei de Afûk en de provinsje Fryslân, om mei-inoar it plak fan it Frysk yn it mbû te fersterkjen. De ôfrûne tiid is hurd wurke oan de ynfolling en útwurking fan dy ambysje en no is der in moaie nije webside mei mear ferdjipping op it meartalige oanbod foar it mbû. De webside is yndield yn trije yngongen foar dosinten: boargerskip, Frysk (kardiel) en beropspraktyk.

Omtinken foar meartalichheid op it mbû
It mbû is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sawat 70% fan alle ynwenners fan Fryslân mei in diploma hat in mbû-eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil yn ’e regio bliuwe. Dêrom is it sa wichtich om yn harren beropsoplieding foldwaande omtinken te hawwen foar it regionale taalklimaat fan Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal. “By Aeres is it ynsetten op gelikensens fan kânsen spearpunt. Fierder bouwe op jins earste taal is wichtich foar de ûntwikkeling en identiteit. Dêrom fertsjinnet it Frysk in plak yn ús ûnderwiis”, seit Truda Kruijer, ynstellingsdirekteur fan Aeres.

‘Wy binne mbû’ draait om persoansfoarming, praktykûnderfining en (mear)talige ûntwikkeling yn it Fryske beropsûnderwiis. De (takomstige) profesjonals hawwe hieltyd mear te krijen mei minsken mei ferskillende kulturele en talige eftergrûnen. Yn Fryslân giet it dêrby faak om Nederlânsk en Frysk, mar ek om streektalen en moderne frjemde talen. It is dêrom wichtich dat studinten neitinke oer it belang fan harren eigen taal en de talen dy’t se om harren hinne hearre. Kennis fan meartalichheid yn Fryslân (yn de eigen beropssektor) en foldwaande (taal)feardichheden soargje foar in bettere bining mei de doelgroep. De takomstige profesjonals kinne troch tûk taalgebrûk in bettere relaasje ûntwikkelje mei klanten/kliïnten/pasjinten en dêrtroch bettere resultaten behelje yn harren wurk.

Oanbod
Op wybinnembu.frl is al it oanbod te finen foar dosinten om oan ’e slach te gean mei it Frysk en meartaligens yn it mbû. Bygelyks digitaal en fysyk lesmateriaal om te wurkjen oan taalbewustwêzen, taalhâlding en taalfeardichheden Frysk. Dêrneist kinne dosinten op de webside ek nijsgjirrige eveneminten fine op it mêd fan meartaligens en oanbod foar neiskoalling en opliedingen.

Taalplan Frysk
De nije webside is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Mei dat projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. It middelber beropsûnderwiis is in wichtige sektor by it realisearjen fan de provinsjale doelstellingen oangeande Taalplan Frysk 2030.

july 6, 2023 08:26
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. wim july 6, 22:58

    Der moat noch efkes sjoen wurde nei “Gearwurking van”

  2. Lútsen july 7, 23:02

    Der moat wol nei mear sjoen wurde. En ‘pesten’ is yn it Frysk ‘narje’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.