Wopke moat ek mar ris ekskuzes oanbiede op It Hearrenfean of yn Nijbeets

july 8, 2023 12:25

Ynstjoerd

Och ja, Wopke Hoekstra. Ik bin bliid dat er no minister ôf is. Hy hat okkerdeis yn Suriname ekskuzes oer de slavernij útsprutsen. De minsken dêr wiene net sa optein. It wie wol hiel let, fûnen se. Dêr hiene se gelyk oan.

Mar der is mear. Wopke is de direkte neisiet fan de kommandant fan in peloton hynstefolk yn Fryslân. Ik kom út de by âlds reade Súdeasthoeke fan Fryslân. It lân fan Styfmem Ierde en Het volk zonder uren sis mar, en dêr wisten se in pear generaasjes lyn alles fan de “Koonluke Marusjossee”. (Ik wit wol dat dat fol flaters sit, mar sa sprutsen se it by de lieding fan it hynstefolk sels no ienris út).

It Damshûs, Nijbeets. Foto Jan Dijkstra, boarne Wikipedy, CC BY-SA 3.0

Dy paradearren yn pronkerige unifoarms troch dy earme krite, yntimidearren de minsken sa no en dan troch op hynders troch de doarpen te draven, pleatsten soms mei skerp laden mitrailleurs op ’e dyk en sloegen mei sabels yn op earme arbeiders, dy’t staakten om in kromke mear. Ik haw dêr in soad ûndersyk nei dien en deroer skreaun (Opstand in de turf) en ik kin noch grouwélich flokke as ik dêroan tebektink.

Dy assosjaasje haw ik foaral by it sjen fan Wopke, want dy foarsiet fan him wie dêrby. Dy (oer)pake fan him fierde dy binde oan. Ik soe it persoanlik wol in goed idee fine as Wopke dêr ek syn ekskuzes foar oanbiedt. Yn it Domelamuseum op it Hearrenfean bygelyks, of yn it Damshûs yn Nijbeets.

Kerst Huisman

july 8, 2023 12:25
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jabik july 9, 20:18

    Dat wie my ek alris troch it sin gien.

  2. Ferdinand de Jong july 13, 11:18

    Net allinnich de ûnfrieze hoofdeling Hoekstra soe dat dwaan moatte foar it brûken fan eksessief geweld tsjin freedsume demonstranten, ek de turfbazen yn De Haach soene dat dwaan moatte foar it liberale en ûnkristlik talitten fan de doedestiidse arbeids- en wenomstannichheden, dy’t net ferskilden fan slavetjinst.
    Om’t wy no in ekskusemienskip wurden binne, soe in profesjonele ekskuzesizzer lykas Brigitte Kaandorp (‘Sorry, sorry hoor, ja sorry hoor’) dat faaks permanent dwaan kinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.