Wat berikt de nije koälysje foar it Frysk?
Resint ferskynd
Skôging
Okkerdeis ferskynde it bestjoersakkoart fan de nije koälysje yn Fryslân (BBB, CDA, FNP en CU). It grutte biedwurd is ‘oparbeidzje‘ en dêr kin it útsoarte net sûnder. Alles wat de provinsje by de ein hat wol dizze koälysje yn ‘ynvestearje‘. Neam dat mar in twadde biedwurd, want alle acht haadstikken fan de ynhâld begjinne dermei. En ‘Ynvestearje is mear as kâldwei earne jild ynstekke. It is earne fol oertsjûging foar kieze en op ynsette’, wurdt ús ynprinte. Oer jild sprutsen: de kommende fjouwer jier € 175 miljoen ekstra! En dat ‘ferantwurde, sûnder te besunigjen en sûnder de lêsten te ferswierjen’. Ik soe noch in tredde biedwurd neame wolle en dat is ‘berikke‘. Alle haadstikken rinne út op ‘Wat wy berikke’. Sûnder ‘wolle’ dus. Dat ja, wy sille it grif meimeitsje!
Frysk brûke
As Ried fan de Fryske Beweging sjogge wy fansels foaral nei de plannen oangeande it taalbelied. Yn haadstik 6 ‘Ynvestearje yn ‘e mienskip’ wurdt ús ûnder it kopke ‘Fryske taal en kultuer’ it ien en oar tasein. Nammers, ‘as wy as provinsje ús net serieus ynsette foar de Fryske taal, dogge oare partijen dat ek net’. Krekt, wa’t himsels weismyt wurdt troch in oar net opkrige, wurdt hjir altyd al sein.
En dan komt dit der efteroan: ‘It Frysk moat sichtberder wêze. Sadat wy it mear brûke’. Wy draaiden dat stiif sa leaf om: Wy moatte it Frysk mear brûke, sadat it sichtberder wurdt.
Eigen ûnderwiisynspeksje
De koälysje wol ‘meters meitsje’ mei it each op it ‘Taalplan Frysk 2030’. Dat hâldt ûnder oaren yn dat se ‘stribje (sic) nei in eigen ûnderwiisynspeksje, dy’t net allinnich sjocht nei it oanbod, mar ek nei de útfiering fan de taalprofilen’. Wy hoopje dat it har slagje sil, want komt it dêr no krekt net op oan?!
In goede saak is it fierder, dat by provinsjale subsydzjes it brûken fan it Frysk tenei in betingst wêze sil. Dat leit dochs ek yn ‘e reden, hiene wy de provinsje al ris te witten dien.
Posityf is ek it stimulearjen, ‘dat nijkommers dy’t yn de soarch komme te wurkjen Fryske taalles krije’. Tagelyk soe men wolle, dat álle nijkommers dat krije, likegoed as al dy lju dy’t hjir al withoelang wenje en wêr dan ek mar yn wurkje.
Wat der berikt wurdt
Nijsgjirrich is fansels, wat dizze koälysje taseit te berikken op it mêd fan de Fryske taal. Wel, dy soarget foar mear ryksjild foar it Frysk. Dy makket dêr ôfspraken foar. En dat is it dan wol sawat.
Oare saken dy’t ûnder ‘wat wy berikke’ neamd wurde, lizze dochs mear yn ‘e sfear fan wat de koälysje wól (‘mear omtinken foar ús Fryske skiednis’) en easket (‘behâld fan de folweardige learstoel Frysk op universitêr nivo’).
As it der op oankomt (en dat docht it), is it noch de meagere kant neist.
Reinder Reitsma,
ynterim foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging
In skoalle krijt mear sinten as it goed scored op spesifike fakken. Dêr heart Frysk op it stuit net by. Taalprofilen sizze inkeld wat oer wat behannele wurdt (harkje/sprekke/skriuwe/lêze), mar salang in skoalle beoardielt wurdt op oare fakken, krijt dat fansels it measte omtinken. De taal kin net rêd wurde sûnder it Frysk op te nimmen yn de ‘scorende’ fakken. Oars bliuwt it Frysk in fak dat sawat inkeld brûkt wurdt by gym.
Wat Wim skriuwt, is ûnsin. Skoallen krije net mear jild as se goed skoare op beskate fakken. It is sels oarsom: skoallen dy’t jierren op rige min skoare kinne tydlik ekstra jild krije om har te ferbetterjen.
70% fan alle skoallen ha in ûntheffing foar Fryske les!! As dat net stoppe wurdt sil it foarlopich mei it Frysk net better gean!
It leit der net sa fleurich hinne mei it ûnderwiis yn it Frysk, dat is wis, mar “70% fan alle skoallen hat in ûntheffing foar Fryske les” kin maklik noch dramatysker begrepen wurde as hoe’t it yn werklikheid is. Dêrom in koarte taljochting op de sifers.
Yn 2019 hie sa’n 15 persint fan de basisskoallen yn Fryslân in ûnheffing fan de ferplichting om Frysk taalfeardichheidsûnderwiis oan te bieden. Dat binne de fjouwer persint basisskoallen yn de Stellingwerven en op de Waadeilannen, plus alve persint skoallen dy’t tydlik frijstelling krigen hienen fan de Fryske les, mar wol oan attitudefoarming wurkje moasten.
Dan wie der yn 2019 noch 59 persint fan de basisskoallen yn Fryslân dy’t wol Frysk joegen, mar net alle doelen foar it fak hoegden te heljen.
Dy 11 persint en dy 59 persint byinoar dienen fansels net wat se eins al heel lang foarinoar
ha moatten hienen. Se krije allegear oan 2030 ta de tiid om har ûnderwiis op nivo te krijen. Dan is it yn prinsipe dien mei ûntheffingen.
Yn it fuortset ûnderwiis foldie yn 2019 40 persint fan de skoallen oan de regels foar it Frysk. 9 persint leit bûten it Fryske taalgebiet. 17 persint hie in frijstelling fan de ferplichting om Fryske les te jaan. Sa’n 35 persint hoegde net alle doelen te heljen. 17+35=52 persint moast dus wat betinke om yn 2030 op nivo te wêzen.
Minne sifers? Ja. Giet de ferbettering te traach? Dat ek. Is dat min foar de kwaliteit en foar it prestiizje fan it Frysk? Ja. Is it min foar de learlingen en foar de emansipaasje fan Frysktaligen? Sûnder mis. Mar it is ek wer net sa dat santich persint fan de skoallen neat oan it Frysk docht. En as it goed is, soenen de neamde persintaazjes no ek leger lizze moatte as yn 2019.
Alle boppesteande sifers komme út it rapport “Sizzen is neat, mar dwaan is in ding” fan de ûnderwiisynspeksje. Dat is yn 2019 ferskynd.
Ferhelderjend, tankewol H.
@H. ik fyn yndied der neat oer werom. It is my in riedsel hoe ik dêr dan by kom. Ik sjoch inkeld wat oer mbû’s dy’t ekstra jild kreie as hja goed prestearje, mar in link nei fakken is der net metien.
Wol tink ik dat der mear omtinken foar de taal komt as Cito ek it Frysk toetst.
Wim: de CITO-toetsen Frysk lêzen foar it basisûnderwiis binne krekt in pear moanne lyn út de ferkeap helle, neidat se jierren meidraaid ha. Skoallen dy’t der gebrûk fan meitsje woenen, koenen dat dwaan. Dat koste wol wat, mar dêr koenen de skoallen faak wol wer subsydzje fan de provinsje foar krije.
Fierder is der fan de Afûk in prima folchsysteem mei de saneamde Frisia-toetsen foar it Frysk, dat fergees is foar skoallen dy’t de digitale metoade Spoar 8 brûke.
Yn it fuortset ûnderwiis makket it CITO de toetsen foar de sintrale skriftlike eineksamens. Learlingen dy’t Frysk as eksamenfak kieze, dogge ek sa’n toets foar dat fak.
Goed om te fernimmen dat er oandacht is foar Frysk yn de soarch. Mar neffens my is de basis noch net op oarde: in taabelied foar soarchynstellings. Dat is der noch hielendål net iens, want ik ha der noch nea immen oer heard yn de sikehûzen wêr’t ik wurke ha. Dat betsjut dat it noch net iens swart op wyt stiet dat de taal fan de pasjint liedend wêze moat foar de bêste soarch. It ienige wat ik heard ha is dat it Hollânsk liedend is om nimmen bûten te sluten. Fryske meiwurkers fielen harren sa troch it bestjoer net stipe yn it brûken fan harren memmetaal. Yn de praktyk wurdt it Frysk fansels wol brûkt, mar dan is der dus earder sprake fan in gedoochkonstruksje dan dat de pasjint it útgongspunt foarmet. De beliedsbasis kin en moat dus earst yn oarder foardat je (nije) meiwurkers op taalkursus stjoere. Want sûnder stipe fan it ‘manazjement’ (en fansels ek artsen) bliuwt it dweiljen mei de kraan iepen. Dêrnjonken soe ik ek oandacht jaan wolle oan de offline en online kommunikaasje fan soarchynstellings. Dit kin mei twataligens ek better oanslute by de pasjintpopulaasje. Se hawwe ommers ek in grutte foarbyldfunksje yn en foar ús mienskip. Hielendål aktueel mei in pear grutte soarchfúzjes yn it foarútsjoch.