Waarpraatsje: Unwis waar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
Jûn en fannacht is der in lytse kâns op wat reinwetter. Der is in matige wyn út it suden oant súdeasten. De temperatuer sakket oant sa’n 17 graden.
Moarn is de loft wat berûn en is it wol hast oeral drûch, mar middeis en jûns nimt de kâns op in bui ta. De temperatuer: 22 graden oan see en mear it fêstelân yn wat heger. Wynkrêft 5 oant 6.
Snein wurdt in dei mei wyn en wynpûsten, sa no en dan in bui, mar ek geregeld sinneskynwaar, mei de middeis temperatueren fan 20 oant 25 graden. Op it Waad in protte kâns op swiere wynpûsten (koade giel).
Waarnimmer
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje