Waarpraatsje: Unstabyl
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – De simmer is de tried hielendal kwyt. It waar fljocht dizze wike alle kanten út, mar fan simmer is alhiel gjin sprake.
Moandeitenacht falle der in pear buien, miskien wol mei tonger. De wyn komt earst út it súdwesten, mar letter út it westen en is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. It kuollet ôf nei 15 graden.
Tiisdei bliuwt it ek net drûch. Der falle rûnom buien, op guon plakken mei tonger. Yn ‘e rin fan ‘e dei wurdt it stadichoan wat better en sille wy grif de sinne ek noch wol efkes sjen. It wurdt ek in rûzige dei mei in matige westewyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar in frij krêftige wyn en yn it Waadgebiet sels in krêftige wyn. It wurdt net folle waarmer as 19 graden.
De oare dagen fan dizze wike feroaret der hast neat oan it hjerstige waar.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje